Dûbele efternamme
Fan 1 jannewaris 2024 ôf kinne jo jo earste bern as dat op (of nei) 1 jannewaris 2024 berne wurdt de efternammen fan beide âlders jaan. Der meie net mear as twa nammen jûn wurde. Dizze dûbele efternamme jildt ek foar alle folgjende bern fan deselde âlders. It is net ferplichte om in dûbele efternamme te kiezen.
Binne jo troud of hawwe jo in registrearre partnerskip?
Nammejouwing kin úterlik dien wurde by de berte-oanjefte. Hjirfoar moatte beide âlders persoanlik ferskine. Dêrom riede wy oan om de nammejouwing foar de berte te regeljen. Meitsje in ôfspraak foar it dwaan fan nammejouwing.
Binne jo op dit stuit swier fan jo earste bern en wurdt jo bern nei alle gedachten berne yn 2024?
Jo kinne foarút rinnend op de nije wetjouwing no al in akte fan nammejouwing opmeitsje litte as jo in dûbele efternamme foar jo bern wolle. Meitsje dêrfoar in ôfspraak.
Binne jo net troud of hawwe jo gjin registrearre partnerskip?
Om in dûbele efternamme te kiezen moatte jo it bern earst erkennen litte.
Oergongsregeling
As it âldste bern op (of nei) 1 jannewaris 2016 en foar 1 jannewaris 2024 berne is, kinne âlders gebrûk meitsje fan de oergongsregeling. Hjirtroch meie sy fan 1 jannewaris 2024 ôf (oant 1 jannewaris 2025) dochs noch in dûbele efternamme kieze foar harren bern. Sy moatte tegearre kieze hokker nammen sy jaan en yn hokker folchoarder. De keazen namme jildt foar alle bern fan deselde âlders. Om dit te regeljen moat in akte fan nammejouwing opmakke wurde. Dizze akte kin by eltse amtner fan de boargerlike stân opmakke wurde.
Hawwe jo yn 2023 erkenning ûnberne frucht regele? En wurdt jo bern berne yn 2024? Jo kinne dan allinnich tidens de berte-oanjefte noch kieze foar in dûbele efternamme foar jo bern. Let op: beide âlders moatte dêrfoar tidens de berte-oanjefte persoanlik oanwêzich wêze!
Kosten
Foar it earste bern: € 75,00
Foar elk folgjend bern: € 50,00
Dûbele efternamme
In dûbele efternamme bestiet út maksimaal 2 nammen. De efternamme wurdt sûnder streekje/keppelteken skreaun. Bygelyks: de efternammen fan de âlders binne 'Jansen' en 'de Boer'. Dan kin de efternamme fan it bern wurde: ‘Jansen’, ‘de Boer’, 'Jansen de Boer' of 'de Boer Jansen'.
