Enerzjykoöperaasjes en wurkgroepen

Yn de gemeente Opsterlân binne in tal enerzjywurkgroepen en -koöperaasjes aktyf. Sy rjochtsje har op ferduorsumjen yn algemiene sin: fan besparringstips, de ynset fan enerzjycoaches oant projekten foar it opwekken fan duorsume enerzjy. Ek is it fia de koöperaasjes mooglik om enerzjy ôf te nimmen fan enerzjybedriuw Enerzjy fan Us. Dêrmei wurde de lokale koöperaasjes stipe en witte jo krekt wêr't jo enerzjy wei komt. 

Enerzjykoöperaasjes en wurkgroepen:

Wynjewâlde: WEN
Nij Beets: KRIGEL
Fryske Peallen: De Griene Mienskip
Bakkefean: Duorsum Bakkefean
Oerterp: Stifting Duorsum Oerterp
De Tynje: Doarpskoöperaasje De Tynje
Jonkerslân: Duorsum Jonkerslân

 

Lid wurde of oprjochtsje?

Yn Opsterlân binne in tal enerzjykoöperaasjes. Wolle jo mear ynformaasje ûntfange of lid wurde? Besjoch dan de webside en nim kontakt op mei de koöperaasje. 

Tinke jo der sels oer nei om in enerzjykoöperaasje op te rjochtsjen? Wy kinne jo miskien helpe. Nim dan kontakt mei ús op

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân