Hawwe jo in leech ynkommen? Dan hawwe jo mooglik rjocht op de enerzjytaslach 2023. Dit is in ekstraatje om de stegen enerzjylêsten te beteljen.

Spitigernôch is it net mear mooglik om de enerzjyteslach oan te freegjen. Dit koe uiterlik oant 1 july 2024. 

Daliks regelje

 Oanfraachformulier enerzjyteslach 2023

Oanmelden is net mear mooglik. Dit koe oant 1 july 2024.

Enerzjyteslach

Betingsten en Kondysjes

Jo komme mooglik yn oanmerking foar enerzjytoeslach as:

  • jo 21 jier of âlder binne;
  • jo in leech ynkommen hawwe (maksimaal 120% fan de bystandsnorm);
  • jo of in meibewenner net earder de enerzjyteslach 2023 hân hat;
  • jo in wenning bewenje mei enerzjylêsten.

Goed om te witten

  • Studinten en skoalbern hawwe gjin rjocht op enerzjytaslach, jo kinne by DUO in oanfraach dwaan.
  • As jo troud of gearwenjend binne, krije jo de taslach allinnich as jimme beiden oan de betingsten foldogge.

Oanfraach

Daliks regelje

Hawwe jo in leech ynkommen en binne jo bystânsgerjochtige? Folje dan it formulier 'Oanfraach yndividuele ynkommenstaslach, bystânsgerjochtigden' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje'). Mooglik komme jo yn oanmerking foar in yndividuele ynkommenstaslach.

Binne jo net bystânsgerjochtigd en hawwe jo in leech ynkommen? Folje dan it formulier 'Oanfraach yndividuele ynkommenstaslach, net bystânsgerjochtigden' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje'). Mooglik komme jo yn oanmerking foar in yndividuele ynkommenstaslach.

Delkomme

Delkomme by it Publykssintrum op it gemeentehûs kin ek.

Nim mei

  • Jildich legitimaasjebewiis;
  • Befizen fan jo ynkommen en dat fan jo partner.

Tips

Sjoch ek ris op www.antwoordopbijstand.nl(eksterne link).

Mear ynformaasje

Hawwe jo fragen of stipe nedich? 

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

Gemeente Opsterlân