
Evakuëes yn Opsterlân
Under de Twadde Wrâldoarloch kamen tûzenen evakuëes út Súd- en East-Nederlân yn Fryslân telâne. Ek yn Opsterlân waarden in protte opfongen, faak by gastgesinnen of yn gebouwen as Harinxma State en Lauswolt. Argyfstikken litte sjen hoe't de gemeente en lokale kommisjes de opfang organisearren en hokker útdagingen dêrby spilen.

Yn 2025 fiere wy 80 jier befrijding. Frijheid is net fanselssprekkend, ek no binne wy tsjûge fan konflikten yn de wrâld, wat derfoar soarget dat der grutte streamen mei minsken in feilich hinnekommen sykje. Minsken dy't oars in feilige plak sykje, is yn elke oarloch in weromkommend fenomeen. Yn 1944 kaam der yn Nederlân in grotskalige beweging fan evakuees op gong út dielen dy't hurd troffen waarden troch de oarloch. Dêrby kamen allerhande praktyske aspekten nei foaren, wêrûnder de húsfesting. Talleaze gastgesinnen iepenen harren doarren foar de ûntheemden. Families út ûnder mear Roermond, IJmuiden en Arnhem moasten hommels hûs en hiem efterlitte, omdat se yn de fjoerliny telâne kamen. Yn it gemeentearchief dizze kear inkelde dokuminten mei korrespondinsje tusken de gemeente Opsterland en de Kommissaris Ofvoer Burgerbevolking (tsjintwurdich Kommissaris fan de Kening) yn Ljouwert, in funksje dy't doe útfierd waard troch baron van Harinxma thoe Slooten. It jout ynsicht yn de manier wêrop de opfang yn syn wurk gie.


In grutte stream minsken
Op 3 novimber 1944 waard dúdlik dat Fryslân oan de foarjûn stie fan in grutte ynstream fan flechtlingen út it súdlike diel fan Nederlân. Dêrom waarden de boargemasters fan de Fryske gemeenten gearroppen troch de Kommissaris Ofier Boargerbefolking yn Ljouwert. Underwerp fan it petear wie it ‘Evakuaasje Freechstik’. Op 31 oktober 1944 waard dêroer in oerlis ynpland. De earste sifers dy’t de rûnte dienen, ferhellen oer sa’n 12.000 persoanen dy’t nei Fryslân kamen út de Achterhoeke, Gelderlân. It plan wie om harren ûnder te bringen yn gemeente benoarden de spoarline Harns-Grins en gemeente Achtkarspelen. Ek út Limburch kaam der in stream minsken nei it noarden. De evakuaasje wie op befel fan de Dútske Wehrmacht. Gefjochtshannelingen twong de befolking rjochting it noarden te lûken. Dit gie te foet. Ofstannen dy’t ôflein waarden wienen dêrom likernôch 25 kilometer deis. Wol waard der transport regele fan Ommen ôf, fia De Wyk, Meppel en It Hearrenfean, sadat it grús fan de ferwachte 12.000 minsken fia Ljouwert nei harren bestimming koe. Der waard ek in groep fan likernôch 3.000 persoanen fia it trajekt Gorredijk-Drachten-Surhústerfean-Bûtenpost ferfierd, om sa de gemeenten Achtkarspelen, en Kollumerlân en Nijkrúslân te berikken. Foar dizze groep waard ferwachte dat der út Opsterlân, en dan benammen Gorredijk, help regele wurde soe. Men skatte yn dat der deis in groep fan sa’n 1.000 persoanen troch Gorredijk te lieden.
Ofstemming en planning
In soad doarpen en stêden hiene lokale evakuaasjekommisjes. Om alles yn goede banen te lieden, waard der telefoanysk of ‘per ordonnâns’ trochjûn oan Komitee Gorredijk hoe’t de reis ferrûn. Hjirnei moasten de flechte minsken ophelle wurde fan in bepaalde lokaasje en wurde foarsjoen fan waarm iten. Hjirfoar waard de help ynroppen fan de Sintraal keuken. Fierder wie it de bedoeling dat sy fan Drachten ophelle waarden út Gorredijk mei hynder en wein. Komitee Drachten moast hjirfan ek op tiid op de hichte steld wurde. Gorredijk waard beskôge as tuskenstop. Medysk personiel waard frege op tiid klear te stean foar de siken. Al yn 1942 wie der in spesjale lokale evakuaasjekommisje oprjochte dy’t harsels by sokke grutte trochlûkende groepen in liedingjaande taak tawiisde.
Kapasiteitsproblemen
Ek yn Opsterlân waarden evakuees opfongen. Hoe goed de tariedingen ek wienen, der ûntstienen op in bepaald momint problemen mei de kapasiteit. Op 8 febrewaris 1945 waard oan de Kommissaris Ofvoer Boargerbefolking te kennen jûn dat de kapasiteit ûnfoldwaande wie foar noch mear minsken. Fan de gemeente Opsterlân waard ferwachte om yn totaal 4.000 opfangplakken te kreëarjen. Under oare troch it ûnderlopen fan de polders wie der in sterke fermindering fan de opfangkapasiteit: der soe in fermindering wêze fan 2.600 plakken. Opsterlân hie op dat stuit al op syn minst 1.391 evakuees opfongen. Dúdlik waard dat mear minsken opfangen in grut probleem opleverje soe. Yn de berekkening wie boppedat gjin rekken holden mei it grutte oantal bern en hongerevakuees dat al opfongen waard. Wol stelden de polderbestjoeren en lokale evakuaasjekommisjes in list op fan gesinnen dy't foar evakuaasje yn oanmerking kamen. Sy krigen de kâns om sels in plak te sykje binnen de gemeente.

Harinxma State en Lauswolt
Lokaasjes dêr't opfang regele waard, wiene ûnder oare yn Harinxma State en yn inkelde fertrekken fan Lauswolt. Dizze lokaasjes waarden brûkt foar de ‘evakuaasje fan de R.K. stifting “De Steenen Trappen”’. Harinxma State waard sels folslein brûkt foar de opfang. Men hie hjir 16 grutte en lytsere keamers, de keuken, gong, souder, gongen, souterrain, 2 badkeamers en de hiele tún ta harren beskikking. Lauswolt stelde 5 grutte ûngemubilearde keamers, 2 gemubilearde keamers en 2 lytse ûngemubilearde keamers beskikber. Ek de wenning fan de húsknecht waard brûkt. Om te beoardieljen hokker kosten de opfang mei him meibrocht hie, waard der yn augustus 1945 in ûndersyk ynsteld troch de gemeente nei de hierwearde en it ôffieren fan de privaattonnen troch de pleatslike reinigingstsjinst. Om't de evakuaasje foarskreaun wie troch de militêre oerheid, koe de oanbrochte skea opjûn wurde en waard fergoede. Fierder liet de húsknecht witte dat der skea wie oan in flierkleed yn syn keamer, oan it seil fan de keukenfloeren en de gongloper wie troch it protte gebrûk fersliten rekke. Ek wiene 8 waskommen brutsen. Mei de evakuaasjekommisje moast wurde ôfstimd hoe't de kosten fergoede wurde soene.
Mear ynformaasje
By Tresoar is mear te lêzen oer de ûnderfinings fan evakuees, harren gastgesinnen en de opfang: Tresoar - Twadde Thús | Evacués en hun Friese gastgezinnen in WOII

Ofbyldingegalerij
