Ekstra regelingen belestingen en heffingen foar ûndernimmers

De gemeenten Opsterlân, Weststellingwerf en Eaststellingwerf (OWO) treffe ekstra maatregels om troch de coronakrisis troffen ûndernimmers te helpen. It giet hjirby om maatregels foar gemeentlike belestingen en heffingen. Dit binne maatregels boppe op dy fan it regear.

Wy biede de folgjende ekstra regelingen oan as it giet om belestingen en heffingen:

Oanfraach betellingsregeling

Daliks regelje

Op fersyk is in betellingsregeling mooglik. Folje hjirfoar it formulier 'Oanfraach betellingsregeling as gefolch fan coronakrisis' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje'). Jo kinne ek kontakt mei ús opnimme fia de mail: invorderingen@OWO-gemeenten.nl

Reklamebelesting en (wetter)toeristeoanslaggen

De oanslach reklamebelesting en (wetter)toeristebelesting skoot troch nei 1 augustus 2020. Foar de oare belestingoanslaggen binne ek, lykas wenst, betellingsregelingen mooglik. It opskoarjen fan de oanslach jildt net foar zzp’ers. Dit binne natuerlike persoanen en steane dêrmei dus net as ûndernimmer by ús bekend. As zzp’er kinne jo wol in betellingsregeling oanfreegje. Nim hjirfoar kontakt mei ús op fia e-mail: invorderingen@OWO-gemeenten.nl

In zzp'er mei BBZ-útkearing

In zzp'er mei BBZ-útkearing kin yn oanmerking komme foar kwytskelling. Wolle jo hjir as zzp'er foar yn oanmerking komme? Nim dan ek kontakt mei ús op fia e-mail: invorderingen@OWO-gemeenten.nl. en freegje nei de mooglikheden.

Njonken boppesteande maatregels is mei it doarwarderskantoar ôfsprutsen om foarearst gjin iepensteande ynfarderingen te ynjen by ûndernimmers.

Fragen oer belestingen en heffingen?

Om jo sa goed en wiidweidich mooglik te helpen freegje wy jo jo fraach te mailen.

Dit kin fia invordering@OWO-gemeenten.nl

Jou oan by hokker ûndernimming jo hearre en wat jo fraach is. Giets it om in oanslach? Fermeld jo oanslachnûmer. Dan kinne wy dit foar jo útsykje en nimme wy kontakt mei jo op.

Gemeente Opsterlân