Facturearring

Hoe stjoere jo in faktuer nei de gemeente?

Jo kinne in faktuer maile, per post ferstjoere of in E-faktuer stjoere. It fakturearjen fia E-faktueren hat ús foarkar. 

E-faktueren

Jo kinne de E-faktuer fia it Peppol-netwurk nei de gemeente Opsterlân stjoere op basis fan keppeling mei de folgjende nûmers:

  • Identifikaasjenûmer (OIN): 00000001001950149000
  • Keamer fan Keaphannel nûmer (KvK): 01175380
  • (BTW nûmer): NL 001950149B01

Betingsten foar oanlevering fan faktueren fia de mail of post

Adres

Stjoer jo faktuer nei it sintrale adres fan de gemeente: gemeente Opsterlân, Postbus 10.000, 9244 ZP Beetsterzwaag of per e-mail nei facturen@opsterland.nl.

It ferstjoeren fan in pdf-faktuer

  • De PDF-faktuer kin per mail ferstjoerd wurde nei facturen@opsterland.nl.
  • Nei ferstjoering fan jo PDF-faktuer sille jo fanút Faktuerportal per mail notifikaasjes ûntfange oer de status fan de ferwurking yn Faktuerportal.
  • De goedkarring fan de faktuer en de feitlike betelling fynt plak by de gemeente.

Gegevens

Fermeld de folgjende gegevens op de faktuer:

  • Namme fan dejinge dy't by jo de bestelling dien hat
  • It opdrachtnûmer (as bekend) 
  • In dúdlike btw-spesifikaasje.

De faktuer wurdt toetst oan de easken dy't de belestingtsjinst oan de faktuer stelt. Sjoch foar mear ynformaasje hjirfoar op de webstee fan de belestingtsjinst.

Oanfoljende easken

Om te soargjen dat de PDF-faktuer feitlik fluch en automatisearre ferwurke wurde kin, binne der in tal easken en winsken oangeande it oanleverjen fan de PDF-faktuer per mail dêr't jo rekken mei hâlde moatte:

  • Wy ûntfange jo faktuer útslutend yn in e-mail oan de hjirfoar neamde e-mailadressen;
  • Jo kinne maksimaal ien faktuer per mailberjocht stjoere;
  • De mail mei as adressearre (by “Aan…”) allinnich it mailadres fan de gemeente befetsje. Der meie wol oare adressearren as kopy (“CC…”) opnommen wurde;
  • De faktuer by foarkar as “readable PDF” oanleverje (fia “save as…. PDF”) of UBL;
  • De faktuer moat alle wetlik fereaske ynformaasje fan de Belestingtsjinst befetsje. Sjoch hjirfoar www.belastingdienst.nl. Foar de folsleinens hawwe wy dizze punten as bylage by dizze brief opnommen;
  • Njonken dizze wetlike easken, moat by it opstellen fan de faktuer it folgjende yn acht nommen wurde: Kodearring/ferantwurdlike binnen ús gemeente/eventueel ferplichtingsnûmer (as fan tapassing)
  • De faktuer mei foarsjoen wêze fan bylagen (b.f. prestaasjeferklearring/oerespesifikaasjes). Dizze kinne yn meardere bestânsformaten oanlevere wurde (PDF, MS-Office, JPEG ensfh.);
  • As der meardere PDF-bestannen yn in mail sitte (faktuer + bylagen) soargje dan dat yn de bestânsnamme fan de faktuer it wurd ‘faktuer’ foarkomt en yn de bestânsnamme fan de bylage dit wurd net foarkomt;
  • Ek kredytfaktueren kinne fia Faktuerportal ferwurke wurde. Ek dizze kinne yn PDF per mail stjoerd wurde. Hjirfoar jilde deselde oanlevereasken as by in reguliere faktuer.

Oantinkens, oanmaningen en fragen

Oantinkens, oanmaningen en fragen oangeande faktueren moatte direkt stjoerd wurde nei infofacturen@opsterland.nl. Dizze berjochten kinne nammentlik net fia it reguliere faktuer-mailadres en Faktuerportal ferwurke wurde.

Btw-identifikaasjenûmer fermelde

It btw-identifikaasjenûmer is it nûmer wêrûnder jo as Undernimmer by de belestingtsjinst registrearre steane. In btw-identifikaasjenûmer hat altyd 14 posysjes en begjint yn Nederlân mei NL, bygelyks NL001234567B01.

Wy kinne jo faktuer allinnich yn behanneling nimme as dizze foldocht oan de boppesteande betingsten. 

Mear ynformaasje

Mochten jo hjirnei noch fragen hawwe oer it oanleverjen fan faktueren oan de gemeente dan kinne jo kontakt opnimme mei de gemeente Opsterlân, ôfdieling FA