Fairtrade
Opsterlân mei him Fairtrade Gemeente neame. Dizze titel jout oan dat yn ús gemeente winkels, hoareka, bedriuwen, organisaasjes en de gemeentlike organisaasje mei-inoar wurkje oan mear earlike hannel. Hjirtroch stelle wy boeren en produsinten yn ûntwikkelingslannen yn steat om sels harren libbensomstannichheden te ferbetterjen en te bouwen oan in takomst foar harren bedriuw, harren famylje en harren omjouwing.

Fairtrade Gemeente is in earfolle titel dy't oanjout dat in gemeente bysûnder folle omtinken jout oan fairtrade. De gemeente kriget de titel as de lokale mienskip foldocht oan seis kampanjekritearia:
-
In wurkgroep stimulearret fairtrade
Der is in lokale wurkgroep aktyf dy't inisjativen nimt om de titel Fairtrade Gemeente te beheljen en te behâlden. -
It lokale bestjoer kiest fairtrade
It gemeentebestjoer sprekt him út foar fairtrade. De gemeente nimt dit op yn belied en keapet fairtrade yn. -
Winkels en hoareka ferkeapje fairtrade produkten
Yn pleatslike winkels ferkeapje se dúdlik sichtber earlike produkten. Hoarekagelegenheden servearje fairtrade produkten. -
Bedriuwen en organisaasjes brûke fairtrade
Lokale bedriuwen en maatskiplike organisaasjes keapje en brûke fairtrade produkten. -
Lokale (media)omtinken foar fairtrade
Der bestiet in strategy om de kampanje langduorjend yn it nijs te hâlden. De wurkgroep organisearret publykseveneminten. -
Stimulearje maatskiplik ferantwurde ûndernimmen
De wurkgroep stipet of ûndernimt sels inisjativen dy't bydrage oan duorsumens.
Mear ynformaasje
Op de webside fan Fairtrade Gemeente www.fairtradegemeenten.nl fine jo mear ynformaasje oer fairtrade en it belang dêrfan.