Gasleas bouwe
It kabinet hat besletten dat nij te bouwen wenten net mear op it ierdgasnet oansletten wurde meie. Dit betsjut dat oanfragen foar in omjouwingsfergunning dy't by de gemeente Opsterland yntsjinne wurde, hjirfan foldwaan moatte.
Ynformearje fan belutsenen
De lanlike wiziging hat gefolgen foar elkenien dy't in wenning bouwe wol. Dêrom hat de gemeente Opsterland alle by har bekende belutsenen hjirfan op 'e hichte brocht. Mar net alle nijbouplannen en -ûntwikkelingen binne al by de gemeente yn byld.
Hawwe jo nijbouplannen?
Binne jo dwaande mei nijbouplannen, dan advisearje wy jo om jo goed foarljochtsje te litten en mei jo oannimmer en ynstalleur te sjen nei de mooglikheden fan ierdgasleas bouwen. Tink hjirby ek oan mooglike subsydzjeregelingen.
Mear ynformaasje
