Fryslân hat beswier tsjin gaswinningsfergunning gebiet Akkrum

Vermilion Energy Netherlands hat fan de minister fan Klimaat en Griene Groei in fergunning krigen foar gaswinning út it gebiet Akkrum. Dit gebiet rint rûchwei fan Snits oant yn de gemeente Opsterlân. De provinsje Fryslân tsjinnet beswier yn tsjin dit beslút en docht dat mei út namme fan Wetterskip Fryslân en de gemeenten Hearrenfean, Smellingerlân, Eaststellingwerf, Súdwest-Fryslân, Opsterlân en De Fryske Marren. De gemeente Ljouwert tsjinnet sels beswier yn. It winninsgebiet Akkrum leit ûnder al dizze gemeenten. 

Marcel van Opzeeland, wethâlder gemeente Opsterlân: “Wy meitsje ús soargen oer de manier wêrop Fryslân de ôfrûne desennia behannele is yn it lanlike enerzjybelied. Al lange tiid wurdt der gas wûn ûnder Opsterlân, wylst krekt yn ús regio sprake is fan in relatyf hege enerzjyearmoede. No’t ek de gefolgen fan boaiemdelgong sichtber wurde, liket it derop dat Fryslân opnij ûnevenredich folle risiko’s draacht, wylst in grut part fan de opbringsten nei Den Haach giet. Dat fielt foar ús ûnrjochtfeardich.

Wat it ekstra pynlik makket, is dat wenningbou en lânbou hjir sterk beheind wurde troch stikstofregels fanwege trije weardefolle Natura 2000-gebieten. Tagelyk lit de nasjonale oerheid ekstra gaswinning ta, wat krekt díe kwetsbere natuergebieten fierder ûnder druk sette kin. Dy ôfwaging ropt by ús in soad fragen op. Wy fine it dan ek tige ûngelokkich dat dizze fergunning ferliend is en sille ús lûd hjirfoar hearre litte.”

Parseberjocht Provinsje Fryslân

Fryslân hat beswier tsjin gaswinningsfergunning gebiet Akkrum

Vermilion Energy Netherlands hat fan de minister fan Klimaat en Griene Groei in fergunning krigen foar gaswinning út it gebiet Akkrum. Dit gebiet rint rûchwei fan Snits oant yn de gemeente Opsterlân. De provinsje Fryslân tsjinnet beswier yn tsjin dit beslút en docht dat mei út namme fan Wetterskip Fryslân en de gemeenten Hearrenfean, Smellingerlân, Eaststellingwerf, Súdwest-Fryslân, Opsterlân en De Fryske Marren. De gemeente Ljouwert tsjinnet sels beswier yn. It winninsgebiet Akkrum leit ûnder al dizze gemeenten. 

De Fryske oerheden hienen yn it foartrajekt al in negatyf advys jûn. Dat hat de minister net genôch meiwegen. It gebiet Akkrum is in fors winninsgebiet en leit middenyn feanweidegebiet. Dêrmei is it gebiet per definysje ûngeskikt foar gaswinning. 

Fersyk oan minister om ferliende fergunning opnij te besjen en te werbesjen  

Alle Fryske oerheden binne fertsjintwurdigje yn de Fryske Mynbouried en unanym tsjin gaswinning ûnder lân. De oerheden gripe alle juridyske mooglikheden oan om ynfloed út te oefenjen op plannen en beslútfoarming: ynsichten, beswier en berop. Foar Akkrum freegje de oerheden de minister no om yn beswier it beslút opnij te besjen en te ‘werbesjen’. De minister sil in beslút nimme moatte op dit beswier en tsjin dizze beslissing kinne de oerheden yn berop, dus nei de rjochtbank. 

Deputearre Friso Douwstra: “De minister stimt yn mei hieltyd mear gaswinningen yn ús provinsje. Mar de problemen steapelje har wol op. Wis yn feanweidegebiet dêr’t de boaiem dochs al sakket, liedt dit ta grûn- en drinkwetterproblemen en beheining fan grûngebrûk foar bygelyks lânbou, wenjen en ekonomy. Dat hat ek gefolgen foar de leefberens. Dêrnjonken bliuwt it ûndúdlik hoe’t skea kompensearre wurdt en oft Rykswinsten út gaswinning ek foar in part wer yn ús provinsje ynvestearre wurde. Oant no ta is der allinnich sprake fan lêsten en net fan lusten. Ut namme fan hiel Fryslân rop ik de minister dêrom op te stopjen mei winning en gjin wingewest fan ús provinsje te meitsjen.” 

Deistich bestjoerslid Remco van Maurik follet oan: "Ek dit gaswinninsgebiet leit rjocht yn it lege midden fan Fryslân, in gebiet dat krúsjaal is om fersâlting en ferdrûging te fertragjen. Wurdt hjir gas wûn, dan sakket de boaiem en ferlieze wy as wetterskip de marzje om de wetterpeilen te ferheegjen. Dat betsjut dat wy it gebiet hieltyd kwetsberder meitsje foar kommende generaasjes."

Stevige arguminten om beswier oan te tekenjen 

Arguminten om de winningsfergunning dochs noch yn syn gehiel fan tafel te heljen binne: 

  • It advys fan it Steatstafersjoch op de Mynbou is ferâldere;
  • It Akkrumgebiet is ûngeskikt foar de winning fan ierdgas, ûnder oare om't it feanweidegebiet en drinkwetterwinningsgebiet is;
  • De perioade fan winning moat ynkoarte wurde; de fergunning wurdt ferliend oant 2045 wylst hieltyd dúdliker wurdt dat gaswinning yn feanweide negative effekten hat.
  • It winningsgebiet moat lytser. Vermilion hat oanjûn winne te wollen út it Oosterboorngasfjild. Dit is mar in fraksje fan it hiele oanfrege winningsgebiet. Gunning fan it hiele gebiet is ûnnedich. Ek winning yn it Oosterboorn gasfjild is ûnwinsklik. 

Mear nijs

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân