Mear wenkânsen foar Wynjewâld: start bouprojekt op eardere skoallokaasje
Op tongersdeitemiddei 2 oktober 2025 fûn yn it gemeentehûs yn Beetsterzwaag de earste offisjele lotting foar projektmjittige kavels yn de gemeente Opsterlân plak. Notaris mr. Cor van Dijk ferrichte de trekking yn oanwêzigens fan wethâlder Marcel van Opzeeland en Tineke Dreijer fan Pleatslik Belang Wynjewâld. Ut de fjirtjin ynskriuwers kamen Toeck B.V. en Bou- en Oannimmingsbedriuw G. de Haan & Zn B.V. as winner út de lotting. De bedriuwen hawwe direkt dêrop de keapoerienkomst tekene.

De kavels lizze op de eardere skoallokaasje It Twaspan yn Wynjewâld en binne bestimd foar de bou fan yn totaal acht wenten, ferdield oer twa kavels oan de Master Geertswei en Welfingstrjitte. It giet om twa-ûnder-ien-kapwenningen mei in maksimale keapsom fan 405.000 euro. De kavel oan de Master Geertswei is kocht troch Toeck B.V., de kavel oan de Welfingstrjitte is kocht troch Bou- en Oannimmingsbedriuw G. de Haan & Zn B.V.
Wethâlder Marcel van Opzeeland: “Fan herte lokwinske Wynjewâld. Yn it doarp wurdt wurk makke fan wenningbou: der komt romte foar acht nije húshâldens. Wy winskje de ûntwikkelers fan de wenningen in soad sukses mei de realisaasje. Foar Opsterlân is dit in wichtige stap, want de fraach nei wenten is grut en wy wolle alle ynwenners de kâns jaan om in passende wenning yn ús gemeente te finen. Oant 2035 realisearje wy mei-inoar tûzen nije wenten. De bou is yn folle gong en wy hâlde de feart deryn.”
De winners fan de lotting geane no oan de slach om de acht wenten te realisearjen. Op it wenningbouddashboard fan de gemeente Opsterlân kinne de wenningbouûntwikkelingen folge wurde.

