Wurdt Opsterlân de Fytsgemeente fan 2026?
De gemeente Opsterlân docht mei oan de lanlike enkête fan de Fietsersbond. Mei de resultaten krije gemeenten ynsjoch yn wat der al goed giet én wêr't ferbetteringen mooglik binne. Sa helpe jo ús om Opsterlân noch fytsfreonliker te meitsjen.
Meidwaan is ienfâldich
- It ynfoljen fan de fragelist kostet mar in pear minuten.
- Fytse jo geregeld yn meardere gemeenten (bygelyks foar wurk of yn jo frije tiid)? Dan kinne jo de enkête letter opnij ynfolje foar dy gemeenten.
Win moaie prizen!
Under de dielnimmers ferlot de Fietsersbond oantreklike prizen, lykas:
- in splinternije fyts ter wearde fan € 2.500 fan Fietsvoordeelshop,
- of in pear stoere fytsokken fan de Fietsersbond.
Dêrnjonken ûntfange jo nei ôfrin in koartingskoade foar fytsprodukten by Donrox, Fietsvoordeelshop en Ziemi.
Wichtige betingsten
- Dielname is mooglik fanôf 16 jier.
- De prizen binne útslutend beskikber foar dielnimmers fan 18 jier en âlder.
