Berte en erkenning

As der in bern berne is, docht immen dy't by de befalling oanwêzich wie berte-oanjefte. De oanjefte fynt plak by de gemeente dêr't it bern berne is. By de oanjefte wurdt de offisjele berte-akte opmakke. Dêrnei wurdt it bern yn de basisregistraasje persoanen (BRP) fan de wenplakgemeente fan de mem ynskreaun. Spitigernôch komt it ek foar dat in bern libbenleas te wrâld komt. Ek yn dy drôve omstannichheden kinne jo by de gemeente telâne om jo bern te registrearjen.

Meitsje in ôfspraak

Wolle jo in ôfspraak meitsje? Jo kinne dat hjirûnder dwaan, en dêrby sels de dei en it tiidstip bepale.

Meitsje direkt online in ôfspraak

Earrebarren

Berte-oanjefte dwaan

Berte-oanjefte dogge jo yn de gemeente dêr't it bern berne is. Dit moat binnen trije dagen nei de bertedei en is ferplichte. It hinget fan de situaasje ôf wa't de oanjefte docht:

  • De mem út wa't it bern berne is mách oanjefte dwaan. 
  • De âlder út wa't it bern net berne is móat oanjefte dwaan.

Is der gjin oare âlder? Of kin dizze echt net komme? Dan giet de ferplichting oer op: 

  • Immen dy't by de berte oanwêzich wie.
  • De bewenner fan it hûs dêr't it bern berne is.
  • It haad fan de ynrjochting dêr't it bern berne is of in troch dit haad dêr't ta machtige persoan.

Is jo bern yn Opsterlân te wrâld kommen? Meitsje dan in ôfspraak om de berte-oanjefte te dwaan. Nim it folgjende mei nei de ôfspraak: 

  • Jildich identiteitsbewiis.
  • Eventueel in kopy fan de akte fan erkenning ûnberne bern.  

Kosten

Berte-oanjefte dwaan is fergees. As jo in úttreksel fan de berte-akte wolle, binne dêr wol kosten oan ferbûn.   

SoartePriis
Úttreksel fan de berte-akte€ 17,10

In libbenleas berne bern registrearje

It is tige drôf as in bern libbenleas te wrâld komt. Dat it bern net (of mar koart) libbe hat, betsjut net dat it net bestien hat. It kin goed fiele om it bern offisjeel registrearje te litten yn de basisregistraasje persoanen (BRP). De berte-oanjefte bart yn de gemeente dêr't it bern berne is, de registraasje dogge jo by de gemeente dêr't jo wenje. Wolle jo jo libbenleas berne bern registrearje litte? Nim dan kontakt mei ús op. Wy helpe jo, wis yn dizze drôve omstannichheden, graach sa goed en persoanlik mooglik.

In bern erkenne

It erkennen fan in bern kin foar de berte (erkenning fan de ûnberne frucht) of dêrnei. Is de mem troud of hat sy in registrearre partnerskip? Dan is erkenning net nedich: it bern is foar de wet automatysk it bern fan dejinge mei wa't de mem troud is / in registrearre partnerskip hat. Is de mem net troud? Dan kin it bern erkend wurde troch har partner. Troch erkenning wurdt dyjinge wetlik âlder en krijt hy/sy alle rjochten en plichten dy't by it âlderskip hearre. 

Dit binne de betingsten: 

  • De erkenner is 16 jier of âlder.
  • De erkenner is gjin neiste famyljelid fan de mem.
  • Der meie net al 2 âlders wêze. 

Oan it erkennen fan in bern binne gjin kosten ferbûn. Jo kinne online in ôfspraak meitsje. Nim dit mei nei jo ôfspraak: 

  • Skriftlike tastimming fan de mem as it bern jonger is as 16 jier.
  • Skriftlike tastimming fan it bern sels as it bern 12 jier of âlder is.
  • In jildich identiteitsbewiis fan de erkenner en de mem.

Tink derom: as jo de efternamme fan jo bern kieze wolle, moat de mem fan it bern sels oanwêzich wêze by de ôfspraak.

Nammejouwing

As âlders kinne jo sels kieze hokker efternamme jo earste bern kriget. Der binne ferskate situaasjes by it kiezen fan de namme:

Jo binne troud

  • It bern kriget deselde efternamme as de heit.
  • Wolle jo dat it bern de efternamme fan de mem kriget? Dit kinne jo trochjaan oan de gemeente.

Jo binne net troud

  • It bern kriget deselde efternamme as de mem.
  • Wolle jo dat it bern de efternamme fan de heit kriget? Dan kin de heit it bern erkenne. De mem kin by de erkenning tastimming jaan foar de efternamme fan de heit.

Dûbele efternamme

Fan 1 jannewaris 2024 ôf kinne jo jo earste bern, as dat op (of nei) 1 jannewaris 2024 berne wurdt, de efternammen fan beide âlders jaan. Der meie net mear as twa nammen jûn wurde. Dizze dûbele efternamme jildt ek foar alle folgjende bern fan deselde âlders. It is net ferplichte om in dûbele efternamme te kiezen.

Klik hjir foar mear ynformaasje oer dûbele efternammen.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân