Gemeentemagazine
Alle jierren jout de gemeente in gemeentemagazine (foarhinne gids) út. It magazine is in handige rûteplanner foar sawol ynwenners as nijkommers en toeristen yn de gemeente. Jo fine yn it magazine ûnder oare adressen en telefoannûmers fan organisaasjes en ferienings yn (en om) de gemeente Opsterlân.
Digitaal gemeentemagazine
It gemeentemagazine is digitaal te rieplachtsjen op http://opsterland.smartmap.nl/. Yn it digitale gemeentemagazine stiet adresynformaasje fan de gemeente, pleatslike belangen, biblioteken, skoallen, (sport)ferienings, organisaasjes, winkels, ynstellings, stiftings, bedriuwen, musea, muzykskoallen, apoteken, wenningkorporaasjes, media, ensafuorthinne. By alle fûne ynformaasje kinne jo jo rûte nei de winske lokaasje planne.
Per 2021 is de namme fan de gemeentegids feroare yn gemeentemagazine.
Papieren gemeentemagazine
Wolle jo it printe gemeenteblêd ûntfange? Jo kinne de gids fergees ophelje by de yngong fan it gemeentehûs en de bibleteek yn De Gordyk , Ureterp en Beetstersweach. Jo kinne it ek digitaal oanfreegje: stjoer in e-post nei gemeente@opsterland.nl . It gemeenteblêd wurdt jo dan sa gau mooglik tastjoerd. Hawwe jo noch fragen?
