Gemeenteried beslút foar opfang ûntheemde Oekraïners yn de Jasker, Nij Beets
De gemeenteried hat op 22 april in posityf beslút naam oer de opfang fan Oekraïense flechtlingen yn earder skoalgebou de Jasker yn Nij Beets.
Wat hâldt dit yn?
De gemeente kin no oan de slach mei de ienfâldige ferbou fan it pân, sadat wy 25 persoanen húsfêstje kinne. It pân krijt dielde foarsjennings lykas de keuken en it sanitêr. Dêrneist krijt elk húshâlden in eigen sliepkeamer, sadat der ek genôch privacy is. De ferbouwing begjint ynkoarten en duorret likernôch trije moannen. Wy ferwachtsje dus dat wy yn septimber de earste bewenners ûntfange kinne.
Us opdracht as gemeente
Yn Opsterlân hawwe wy de opdracht om Oekraynske ûtheinen op te fangen. De oarloch yn de Oekraïne is noch net foarby en der komme noch altyd flechtlingen binnen. Dêrom moat elke gemeente mear opfangplakken realisearje. Yn Opsterlân kinne wy no dus gebrûk meitsje fan de Jasker foar dizze tydlike opfang.
Mear witte of fragen?
Mear ynformaasje oer de húsfesting fan statushâlders en ûtheine Oekraïners fine jo op www.opsterland.nl/huisvestingvluchtelingen.
Foar fragen kinne jo maile fia huisvestingvluchtelingen@opsterland.nl