Gemeenteried stimt foar trochstreamlokaasje Ikenhiem
De gemeenteried hat justerjûn 30 septimber ynstimd mei it foarstel om Ikenhiem te keapjen. De gemeente wol hjir in trochstreamlokaasje fan meitsje foar statushâlders.
Wat sil der no fierder barre?
De gemeente kin it pân no keapje en sjen wat der krekt ferboud wurde moat sadat der statushâlders wenje kinne. Statushâlders binne minsken dy't asyl oanfrege hawwe yn Nederlân en dat ek krigen hawwe. Se hawwe rjocht op in (sosjale hier)wenning, mar ferbliuwe noch yn in asylsikerssintrum om't der net genôch wenningen binne. Yn in trochstreamlokaasje kinne minsken tydlik wenje. Dêrnei is it de bedoeling dat se ferhúzje nei harren wenning yn ferskate gemeenten yn Fryslân.
Mear witte of fragen?
Fia de ûndersteande knop kinne jo mear ynformaasje fine oer dit ûnderwerp.