Sûne fakken
Untdek hoe maklik it is om sûnere karren te meitsjen. Fan 12 jannewaris ôf fine jo yn de Albert Heijn yn Gordyk de Sûnere Skappen.
Wat is it?
- Sûne Fakken binne spesjale fakken yn de supermerk, fol mei lekkere, sûnere én betelbere produkten. Sa wurdt it makliker om in sûnere kar te meitsjen by jo deistige boadskippen.
Hoe wurket it?
- It Sûnere Fak wikselet elke twa wiken fan tema. Tink oan flugge sûnere tuskenmieltsjes, maklike mielen, sûnere dranken, tûke produktwiksels of ynspiraasje foar fieding by bewegen.
Wêrom is dit handich foar jo?
- Jo krije ynspiraasje foar sûner en lekker iten.
- It is maklik en betelber, gewoan yn jo supermerk om 'e hoeke.
Troch wa?
- Gearwurking Sûn Opsterlân (gemeente Opsterlân), Albert Heijn Gorredyk en Gezondschap.
Jo ûntdekke hoe maklik sûner iten wêze kin!


Wêrom binne dizze produkten sûner?
De produkten yn de Sûnere Skappen binne selektearre neffens de JOGG Teamfit-kritearia: in lanlike oanpak dy't helpt om de omjouwing sûner te meitsjen. It útgongspunt is ienfâldich: de sûne kar makliker meitsje. Dat betsjut dat wy net sykje nei perfekte produkten, mar nei bettere karren binnen elke produktgroep.
Wat makket in produkt in bettere kar?
Neffens JOGG Teamfit wurdt der ûnder oare sjoen nei:
- Minder sûker, sâlt en fersêde fet
- Minder kaloaryen
- Mear fezels en fiedingsstoffen
- In bettere gearstalling, lykas folkoarngranen of minder tafoegings
Soms sit it ferskil yn lytse dingen: wat minder sûker, wat mear fezels of in sûnere gearstalling. Mar krekt dy lytse ferbetteringen meitsje, as jo se faak kieze, in grut ferskil foar jo sûnens!
Lytse wikselingen, grut effekt
Dêrom wurkje de Sûne Skappen in protte mei tûke produktwikselingen. Dat binne produkten dy't lykje op wat jo normaal kieze, mar krekt wat better foar jo binne. Jo hoege jo ytpatroan net om te smiten, jo meitsje gewoan in wat sûnere kar binnen wat jo al ite.
Tink bygelyks oan:
- Popcorn ynstee fan chips → minder fet en kaloaryen
- In nutereep ynstee fan in sûkeladereep → mear fiedingsstoffen en minder sûker
- Folkoarnprodukten ynstee fan wyt → mear fezels en in langer sêd gefoel
- Zero of lichte dranken ynstee fan sûkerhâldende frisdrank → wol smaak, gjin sûker
- In hantsjefol ûnsâlte nuten ynstee fan sâltjes → sûnere fetten en mear fiedingsstoffen
It binne lytse oanpassingen dy't maklik fol te hâlden binne. Guon produkten binne minder bewurke, befetsje minder tafoegings of hawwe in bettere fiedingswearde. Oaren befetsje benammen minder sûker of kaloaryen. Sa wurdt sûner kieze gjin yngewikkelde puzel, mar gewoan in logysk ûnderdiel fan jo deistige boadskippen.
Ynspiraasje
Binne jo op syk nei mear ynspiraasje?
