Gladheidsbestriding

As it glêd is, struoit gemeente Opsterlân neffens in struoirûte. De rûte is ferdield nei it gebrûk en de berikberens fan de diken.

Folgje ús glêdensbestriding live

Op wurkdagen tusken 16.00 en 7.30 oere en wykeinen tusken freedtemiddei 16.00 oere oant moandeitemoarn 7.30 oere kinne jo ús glêdensbestriding live folgje.

Besjoch de kaart mei de struoirûtes  

Snie op 'e dyk

Hoe wurket de kaart mei de struoirûtes?

Op de kaart sjogge jo sân struoirûtes fan de gemeente Opsterlân. De basisrûte wurdt as swart oantsjut. As de rûte struoid is, krijt dizze in kleur, dy't seis oeren sichtber bliuwt. 

Dielen dy't struoid wurde troch de buorgemeente of provinsje wurde as read oantsjut en binne net live te folgjen.

Jo kinne de kaart yn- en útzoome om dizze fan tichtby te besjen of om bygelyks in bepaald gebiet te besjen. 

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân