De Gordyk – folsleine sluting fan Bleekersbrêge fan 28 septimber oant 2 oktober
Bleekersbrêge folslein ôfsletten fanwege ûnderhâldswurk.
Fan moandei 28 septimber oant en mei freed 2 oktober 2026 is de Bleekersbrêge yn De Gordyk Folslein ôfsletten foar al it ferkear tidens de wurksumheden. Yn dizze perioade sil der wurke wurde oan de wurking en feiligens fan 'e brêge.
Tidens de ôfsluting is de brêge net tagonklik foar motorisearre ferkear, fytsers en fuotgongers. Omliedingsrûtes binne op it plak oanjûn. De helptsjinsten binne op 'e hichte brocht fan 'e situaasje.
