De Gordyk - Wurksumheden by sporthal Koartehimmen

Dit is in âld berjocht.

Oannimmersbedriuw Lolkema wurket yn opdracht fan de gemeente Opsterlân oan de werynrjochting by sporthal Koartehimmen. Hjirby wurdt in nij rioel oanlein dat oanslút op de Mientewei.

Ofsluting

De krusing by de sporthal is woansdei 3 en tongersdei 4 septimber 2025 ôfsletten foar trochgeand ferkear.

Tagong ta sportklups

Om de tennisferiening, rugbyklup, fuotbalferiening en de sportskoalle berikber te hâlden, komt der in tydlike rydbaan. Dizze bliuwt lizzen oant de definitive wei nei de sportklups bestrjitte is. Dat is yn alle gefallen oant 1 oktober 2025.

Op de bylage sjogge jo in tekening fan de tydlike situaasje.

Wegôfsluting Gorredijk