Oprop foar mear hannelingsperspektyf behear wolf

Sûnt de wolf him permanint yn Fryslân fêstige hat, nimme de oanfallen op hobby- en lânbouhúsdieren ta. En dêrmei ek de soargen en eangst ûnder dierehâlders en ynwenners. Dêrom freegje de provinsje Fryslân en de gemeenten Hearrenfean, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân, en Weststellingwerf yn in brief oan steatssekretaris Jean Rummenie om mear hannelingsperspektyf foar behear fan wolven.

It tal wolven yn Fryslân nimt sterk ta. Ek it tal wolve-oanfallen op lânbouhúsdieren is de lêste tiid sterk tanommen. Yn de earste moannen fan dit jier binne der 69 meldingen dien fan oanfallen op lânbouhúsdieren yn Fryslân. “Dat makket dat der in konstante eangst ûnder dierehâlders is. Mar ek ûnder ynwenners. De wolf wurdt hieltyd faker yn beboude gebieten sjoen, wêrtroch't it gefoel fan ûnfeiligens tanimt”, fertelt deputearre Matthijs de Vries. 

Hannelingsperspektyf

Op dit stuit wurdt der ynset op previnsje fan wolveskea, bygelyks troch subsydzje foar wolfwerende hekken, foarljochting, in wolve-konsulint en de Gebietskommisje Wolf. “Mar dat is net genôch”, seit de Vries. “Wy sjogge dat it hannelingsperspektyf tekoart sjit. Allinnich ynset op foarljochting en skeaprevinsje is net genôch om de soargen en it gefoel fan ûnfeiligens fuort te nimmen.” Dêrom roppe de gemeenten yn Súdeast Fryslân en de provinsje op ta mear perspektyf as it giet om behear fan de wolf. Under mear troch it oanpassen fan de beskerme status fan de wolf te versnellen, sadat der earder romte ûntstiet foar behear. 

Populaasje wolven yn Sintraal-Europa

Ek beklamje de partijen dat se graach sjen dat der in nije beoardieling komt fan de omfang fan de populaasje wolven yn Sintraal-Europa. De wolven yn Nederlân binne ûnderdiel fan dy populaasje. As alle dielpopulaasjes yn Sintraal-Europa byinoar opteld wurde, is der op dit stuit al sprake fan in geunstige steat fan ynstânhâlding (genôch wolven om de soarte yn stân te hâlden). Dat soe behear fan de wolvepopulaasje mooglik meitsje. 

De Vries: “De soargen by ús dierehâlders, ynwenners, mar ek by ús as gemeentlike en provinsjale bestjoeren, binne grut. Der is op koarte termyn mear hannelingsperspektyf foar behear fan de wolf yn ús provinsje nedich. Dêrom stjoere wy steatssekretaris Rummenie dizze brief.”  

Mear nijs