Hawwe jo in idee? Right to challenge

Right to challenge jout ynwenners it rjocht om de gemeente út te daagjen. Jo kinne taken fan de gemeente oernimme as jo tinke dat it better, goedkeaper of oars kin. Jo kinne bygelyks in diel fan it behear fan it iepenbier grien oernimme fan de gemeente.

Betingsten

Foar it oernimmen fan in gemeentlike taak jilde betingsten. Hjirmei soargje wy foar dúdlikheid en transparânsje foar sawol de gemeente as de inisjatyfnimmers dy't in gemeentlike taak oernimme wolle.

  • It útgongspunt fan de challenge is de maatskiplike mearwearde (net in winsteachmerk). De maatskiplike mearwearde wurdt toetst, bygelyks troch te besjen oft de challenge bydraacht oan de leefberens fan it doarp of de wyk dêr't de challenge him yn ôfspilet. It right to challenge wurdt iepensteld foar alle partijen, útsein foar kommersjele organisaasjes, om't de gemeente gjin winsteachmerk hat.
  • Der moat oantoanber draachflak wêze foar de challenge. In challenge wurdt yntsjinne troch ien of mear inisjatyfnimmers. Der sil dus draachflak wêze moatte. Op hokker wize de inisjatyfnimmer(s) dit oantoane, litte wy frij. Salang't it mar dúdlik is dát der draachflak is. Dit moat oantoanber makke wurde troch in iepen en transparant proses. De inisjatyfnimmers bliuwe hjir ferantwurdlik foar.
  • De regy en it eignerskip fan de challenge lizze by de yntsjinners. In challenge wurdt betocht en útfierd troch de inisjatyfnimmers. De challenges dy't binnenkomme, komme fan ûnderop en wurde ek troch de inisjatyfnimmers útfierd. De gemeente hat by it opstellen fan it plan in stypjende rol en sil de inisjatyfnimmers helpe dêr't nedich.
  • De challenge mei net djoerder wêze as de hjoeddeistige útfiering troch de gemeente. Betingst fan in challenge is dat dizze net djoerder wêze mei as it hjoeddeistige oanbod. As dit wol it gefal is, kin de challenge wegere wurde.
  • De challenge is fan deselde kwaliteit (of better). De inisjatyfnimmers litte sjen dat de kwaliteit behâlden bliuwt. As der redenen binne om oan te nimmen dat de kwaliteit minder goed wêze sil as yn de hjoeddeistige situaasje, dan kin de challenge wegere wurde.
  • Der is in rintiid ôfsprutsen. Der wurdt in rintiid ôfsprutsen. De reden hjirfoar is om de kontinuïteit fan de challenge te boargjen.
  • Der is elk healjier/jierliks kontakt mei de gemeente oer hoe't it mei de challenge giet. De regy en it eignerskip fan de challenge lizze by de inisjatyfnimmers. It is lykwols wol in taak dy't troch de gemeente útfierd waard. De gemeente sil dus in eachje yn it seil hâlde. As bliken docht dat de kwaliteit en/of de kontinuïteit net boarge wurdt, dan kin de gemeente yngripe.
  • Hoe kinne jo de gemeente útdwaan? Jo kinne in idee foar in challenge oanmelde fia it formulier op dizze webside. Nei de oanmelding nimt in meiwurker fan de gemeente kontakt mei jo op. Tegearre mei jo wurdt dêrnei besjoen oft it idee foar it oernimmen fan in taak foldocht oan de spulregels fan right to challenge. Dêrnei kinne jo it idee tegearre mei de gemeente útwurkje yn in plan fan oanpak. Hjiryn komme de ôfspraken oer it oernimmen fan de taak. De gemeente sjocht hjirby ek nei bygelyks de finansjele en juridyske gefolgen. As oan alle betingsten foldien is, nimt it kolleezje fan B&W úteinlik in beslút om de gemeentlike taak oer te dragen.

De betingsten binne ek publisearre op overheid.nl.

Oanfraach

Daliks regelje

Hawwe jo in idee foar in challenge? Folje dan it formulier 'oanfraach right to challenge' yn (boppe-oan dizze side ûnder de kop 'Daliks regelje').

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân