Hawwe jo in idee foar jo doarp of buert? Untdek Stipe.frl!
Ynwenners, ferienings en stiftings yn Fryslân hawwe fan no ôf in sintraal startpunt foar harren ideeën: stipe.frl. Hjir kinne ynwenners en organisaasjes terjochte foar advys oer subsydzjeoanfragen, frijwilligerswurk, gearwurking mei oare organisaasjes en it dielen fan kennis en ideeën.
Wat biedt Stipe.frl?
- In kennisbank mei praktyske ynformaasje oer organisaasje, finansiering en útfiering.
- In oersjoch fan subsydzjeregelingen, fan lokaal oant provinsjaal.
- In projekt-plantool om stap foar stap in plan op te stellen.
- In kontaktmooglikheid dy't inisjatyfnimmers keppelet oan de juste persoan of organisaasje.
Stipe.frl is in gearwurking fan ferskate organisaasjes, wêrûnder provinsje Fryslân, Keunstwurk, Sport Fryslân, Doarpswurk en alle Fryske gemeenten. Troch kennis en stipe te bondeljen, wolle wy ynwenners helpe om ideeën makliker út te fieren.
Mear witte?
Gean nei stipe.frl en ûntdek hoe't jo jo inisjatyf fersterkje kinne.
