Dúdlike taal
By gemeente Opsterlân wolle wy dat ús brieven en berjochten dúdlik, begryplik en noflik lêsber binne. Dêrom hearre wy graach jo miening! Wat kin better? Hoe kinne wy jo better ynformearje?
Diel jo feedback fia de ûndersteande fragelist. Jo bydrage helpt ús om ús kommunikaasje te ferbetterjen en ús tsjinstferliening te fersterkjen.
Meidwaan lûnet: ûnder de ynstjoerings ferlotsje wy in kadobon. Mei-inoar meitsje wy de kommunikaasje dúdlik!

Helpe jo mei om ús kommunikaasje te ferbetterjen?
De gemeente Opsterlân wol der wêze foar elkenien: ynwenners, Undernimmers en organisaasjes. Goede kommunikaasje is dêrby tige wichtich. Wy wolle graach dat ús berjochten dúdlik binne, sadat jo begripe wat wy bedoele.
Wy brûke ferskate manieren om mei jo te kommunisearjen. Jierliks ferstjoere wy tûzenen brieven, mar jo fine ek ynformaasje op ús webside, op sosjale media en ûntfange e-mails.
Wêr binne wy mei dwaande?
Wy sjogge hoe't wy ús brieven en oare berjochten better meitsje kinne. Want wy wolle dat ús kommunikaasje: Dúdlik en begryplik is, in moaie en passende toan hat, en maklik te lêzen is foar elkenien.
Wy freegje ús meiwurkers om mei te tinken, mar wy hearre ek graach de miening fan ús ynwenners. Wat fine jo fan ús brieven en oare berjochten? Wat kin better? Hoe kinne wy jo better ynformearje?
Hoe kinne jo meihelpe?
Jo kinne ús helpe troch jo miening te dielen fia in enkête.
Jo feedback helpt ús om ús kommunikaasje te ferbetterjen. Mei-inoar meitsje wy ús tsjinstferliening better en soargje wy derfoar dat wy inoar goed begripe.
Under de ynstjoerings ferlotsje wy in kadobon, mar jo hoege gjin gegevens efter te litten. Sadat jo ynstjoering ek folslein anonym wêze kin.
