De Himrik

Hemrik (De Himrik) is in lyts en sjarmante doarp yn it suden fan 'e gemeente Opsterlân. It doarp leit oan 'e dyk fan Wynjewoude nei De Gordyk . It lânskip fan Hemrik bestiet út griene greiden mei hagen dy't bosksingels neamd wurde.

Mear witte?

Nim dan in kijkje op de webside fan De Himrik.

Gean nei dehimrik.nl

Twa bern slingere oan in tou oer in sleatje yn it bosk by Sparjebird

Omkriten

Yn de omkriten binne ferskate kuier-, fyts- en ruterpaden te finen. De Himrik leit tusken de heide en flakby de delling fan it rivierke It Alddjip. De Himrik leit lâns de Opsterlânske Kompanjonsfeart. De Opsterlânske Kompanjonsfeart foarmet yn it lânskip in opfallend elemint. De feart waard eartiids brûkt foar de ôffier fan turf, dat is drûge fean dat eartiids as brânstof brûkt waard. Tsjintwurdich is de Opsterlânske Kompanjonsfeart ûnderdiel fan de Turfroute, in toeristyske farroute dy't dwers troch Súdeast-Fryslân giet. Lâns de Turfroute steane karakteristike wenten fan slûzewachters. Jo kinne mei jo boat oanlizze yn De Himrik en rinnend of fytsend de moaie omjouwing ferkenne.

Wat te dwaan yn De Himrik

In opmerklik objekt yn Hemrik is de Trambrêge. It giet oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart en makke diel út fan it spoar fan de âlde tramline fan Oosterwolde. De Gordyk Yn it doarp is 'Het Koetshuis' in moai plak om efkes út te rêsten en wat te iten of te drinken. Ek foar bern is der yn Hemrik genôch te dwaan. Krekt bûten it doarp leit it aventoerlike boartersbosk Sparjebird. fan Staatsbosbeheer. Derneist is der in bûtenbad tichtby it begjin fan 'e Turfrûte. Stoeterij 'Het Swarte Peart' is ek wis in besite wurdich. Der binne ferskate campings, Bed & Breakfasts en hotels yn 'e buert fan it doarp.

Tsjerken

Yn De Himrik steane twa prachtige âlde tsjerkjes. Sa is der de wite tsjerke mei klokkestoel en yn it sintrum in 12e-iuwsk tsjerkje ek mei klokkestoel en begraafplak mei grêfkelder fan in begoedige famylje.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân