Home-Start
Alders dy't by Home-Start oanklopje, meitsje faak wat tefolle tagelyk mei. Se ûnderfine stress en hawwe meastentiids gjin famyljeleden, freonen of kunde yn de buert om op werom te fallen. In frijwilliger fan Home-Start is dan in tydlike útwreiding fan harren netwurk.
Elk gesin makket wolris in perioade troch wêryn't it net sa goed giet. Dit kin alderhande oarsaken hawwe: oerbelêsting troch sykte, swierrichheden mei de bern, min sosjaal kontakt, problemen op it wurk, gebrek oan jild of spanningen tusken partners. Meastentiids kinne gesinnen harren problemen sels oplosse. Mar soms hawwe gesinnen mear as oars ferlet fan in harkjend ear, stipe by de opfieding, of in helpende hân by praktyske problemen. Dit sil faker it gefal wêze nearmate gesinnen minder weromfalle kinne op in sosjaal netwurk. Home-Start stipet dizze gesinnen út de oertsjûging datst, asst jonge bern stypje wolst, harren âlders stypje moatst. Home-Start wol foarkomme dat alledaagse problemen útgroeie ta serieuze en langduorjende problemen. Frijwilligers stimulearje âlders harren eigen krêft te (wer)finen om drege situaasjes it haad te bieden, wêrtroch't sy wer grip krije op harren libben en mear. Home-Start moediget gesinnen oan om sosjale relaasjes te fersterkjen en effisjint gebrûk te meitsjen fan foarsjennings en regelingen. Opfieden kinst ommers net allinnich.
Elke wike kontakt
Frijwilligers fan Home-Start hawwe sels ûnderfining mei opfieden en besykje âlders elke wike thús. De opfiedingsstipe troch frijwilligers is lykweardich en ynformeel. Ien fan de memmen fertelt: “Wat my enoarm holpen hat is dat de frijwilliger echt nei my harke. Se frege wêr't ik ferlet fan hie, ynstee fan dat se my wat opkrong. Se hold my in spegel foar en liet my sels neitinke. Dy oanpak paste by my. Se fielde as in freondinne dy't it bêste mei my en myn bern foarhie. De help duorre lang genôch, sadat ik de tiid krigen haw om it wer allinnich te kinnen as mem.” In frijwilliger fan Home-Start kin tydlik stipe en freonskip biede, hat tiid, harket en slút oan op wat âlders sels freegje. Dit liket ienfâldich en net folle, mar it effekt is grut. It frijwilligerswurk fan Home-Start is foar gesinnen fergees.
Oer Home-Start
Home-Start is no ienentritich jier yn Nederlân. It programma foar opfiedingsstipe wurdt wrâldwiid yn mear as tweintich lannen ynset. Oarspronklik komt it út it Feriene Keninkryk. Yn 1973 kaam Margaret Harrison der as profesjoneel helpferliener efter dat minsken graach problemen foarbliuwe wolle en ynformeel kontakt wolle. De opfiedingsstipe fan Home-Start wurket nei it fuortgean fan de frijwilliger yn elts gefal oant tsien jier troch, liet in ûndersyk al yn 2015 sjen. De positive, bekrêftigjende manier fan wurkjen is de kaai foar it gesin, foarkomt isolemint of ûntspoaring en helpt mei om bern sûn en feilich opgroeie te litten.
Home-Start makket diel út fan it jeugdbeleid en wurdt âlders oanbean troch de gemeente dêr't se wenje. Dêrtroch binne der hieltyd mear gesinnen dy't stipe krije fan in Home-Start frijwilliger. Alders wurde meastentiids troch ferwizers - lykas it gebietsteam, GGD, húsdokter of maatskiplik wurk - attindearre op Home-Start. Home-Start kin ek oanbean wurde njonken oare helpferliening. Ek fine âlders hieltyd faker sels de wei nei Home-Start.
Wolsto dyn opfiedingsûnderfining diele en as frijwilliger in gesin stypje? Of kinsto as gesin wol wat stipe brûke? Nim dan frijbliuwend kontakt op mei Mariëtte Zijlema, koördinator Home-Start Súdeast-Fryslân
- T: 06-17 59 23 95
- M: M.zijlema@humanitas.nl
- W: www.home-start.nl
