Húslik geweld

Giet it net goed by jo thús, of meitsje jo jo soargen oer in oar? Foar help en advys oer húslik geweld kinne jo 24/7 skilje mei Feilich Thús, telefoan 0800 - 2000 (fergees).

Meld húslik geweld

Elkenien dy't direkt of yndirekt mei geweld yn 'e húslike rûnte te krijen hat, kin hjir wat tsjin dwaan. Oft it no om josels giet of om in oar. Oft jo it wis witte of al in skoftke omrinne mei in ûnnoflik gefoel.

Meldkoade foar professionals

Us organisaasje hat de ferantwurdlikheid om effektyf te reagearjen op sinjalen fan bernemishanneling en húslik geweld. Fan july 2013 ôf is it lanlik ferplichte om neffens de fiif stappen fan de Meldkoade húslik geweld en bernemishanneling te hanneljen. Us organisaasje hat dêr in ferplicht protokol foar opsteld.

Yn it koart hâldt dit yn dat wy:

  1. Sinjalen yn kaart bringe.
  2. Oerlizze mei in oandachtsfunksjonaris húslik geweld en bernemishanneling en eventueel rieplachtsje fan Feilich Thús.
  3. Petear mei âlders en belutsenen.
  4. De earnst fan bernemiishanneling of húslik geweld ôfwage.
  5. Beslute oer help ynskeakelje en/of melde by Feilich Thús.

Mear ynformaasje

Op de webside www.vooreenveiligthuis.nl fine jo mear ynformaasje oer in feilige thússituaasje.

Mear witte oer de meldkoade foar professionals?

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

Gemeente Opsterlân