Help by jildsaken en administraasje
In hege rekken, oan 'e ein fan 'e moanne te min jild of gjin oersjoch yn jo finânsjes? Of hawwe jo fragen oer fergoedingen of belestingtsaken? Ek dêrfoar kinne jo by ús terjochte.
Help yn 'e biblioteek
Komme jo der net út mei fergoedingen, de belestingopjefte of it oanfreegjen fan in útkearing? Dan kinne jo ek terjochte yn 'e biblioteek. Meiwurkers fan 'e biblioteek binne traind en witte hoe't se jo helpe kinne.
Coaching
In meiwurker fan de skuldhulpferliening kin jo ek in skoftke coachen. Wy sjogge tegearre oft jo gebrûk meitsje fan alle foarsjennings. Wy meitsje in begruttingsplan sadat jo witte wat der per moanne yn en út giet. Foar lytse skulden kinne wy tegearre regelingen treffe. Kontakt? Mail nei skuldhulpferliening@opsterland.nl
Budzjetbehear en bewindfiering
Jo kinne ek tydlik help ûntfange fia in budzjetbehearder. De budzjetbehearder beheart jo budzjet en betellet de rekkeningen en fêste lêsten foar jo. As it echt net mear slagget om jo finânsjes sels te regeljen, kin in bewindfierder helpe. Jo kinne sels in bewindfierder sykje of de rjochtbank kin immen tawize. Ek hjiryn kinne wy jo advisearje.
Kontakt
Wy binne elke wurkdei telefonysk berikber (0512-386 222) fan 9.00 oant 17.00 oere. Jo kinne ek in e-mail stjoere nei: skuldhulpferliening@opsterland.nl of in berjocht ynstjoere fia it ûndersteande kontaktformulier. Binnen twa wurkdagen nimme wy kontakt mei jo op.
