Help by opfieden
Opfieden giet yn de measte gefallen goed. As it even net slagget, kinne yn in protte situaasjes âlders en bern holpen wurde troch famylje, freonen of buorlju, mar soms is dit net genôch.
Hawwe jo of jo bern advys of stipe nedich op it mêd fan opgroeien en opfieden? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it gebietsteam fia gebiedsteam@opsterland.nl of fia it reguliere nûmer fan it gebietsteam 0512-386222
Jeugdhelp is bedoeld foar bern oant 18 jier en/of harren âlders. Ynsette jeugdhelp kin yn guon situaasjes trochrinne oant maksimaal it 23ste libbensjier.
