Identiteitskaart

Jo freegje in identiteitskaart persoanlik oan by de gemeente. Jo geane hjirfoar, op ôfspraak, nei it Publykssintrum yn it gemeentehûs. Ek bern moatte foar harren oanfraach sels nei it gemeentehûs komme. Oant 12 jier hawwe se tastimming foar de oanfraach nedich. Nei 5 wurkdagen kinne jo jo identiteitskaart, op ôfspraak, ophelje. Identiteitskaarten foar persoanen fan 18 jier en âlder binne 10 jier jildich. Persoanen jonger dan 18 jier krije in identiteitskaart dy't 5 jier jildich is. 

ID-kaart

Identiteitskaart oanfreegje

Stap 1 - Identiteitskaart online tariede en betelje

Jo kinne jo oanfraach online tariede en betelje. Dit skilt tiid oan de baly.

Jo oanfraach online tariede en betelje

Stap 2 - Meitsje in ôfspraak om jo oanfraach definityf te meitsjen

Nei jo online oanfraach meitsje jo direkt in ôfspraak om jo oanfraach definityf te meitsjen by it gemeentehûs.

Stap 3 - Wat nimme jo mei nei jo ôfspraak?

  • In gaadlike paspoartfoto net âlder as 6 moannen. Dit wurdt strang kontrolearre. Tink derom oan de jildende easken.
  • Alle identiteitsbewizen en paspoarten dy jo hawwe. Nim ek ferrûne dokuminten en eventuele bûtenlânske reisdokuminten mei.
  • Reisdokumint kwyt? Meld de fermissing by de gemeente fia it folgjende formulier.

Fermissing reisdokumint

  • Pinpas of kontant jild. Jo betelje it paspoart ûnder de ôfspraak, útsein as jo al online betelle hawwe.
  • Tastimming foar bern oant 12 jier. Bern oant 12 jier hawwe tastimming nedich fan alle minsken dy't it gesach oer it bern hawwe. Meastentiids binne dit de âlden. Jo kinne de tastimming online regelje mei DigiD. 

Tastimmingsferklearring bern oant 12 jier 

Leaver op papier? Download it tastimmingsformulier (PDF) en nim dit mei nei jo ôfspraak. Ferjit net de legitimaasjebewizen (gjin kopy!) fan de gesachhawwer(s) mei te nimmen!  

Stap 4: Oflizze fan jo identiteitskaart 

Nei fiif wurkdagen leit jo identiteitskaart klear op it gemeentehûs. Jo ûntfange hjir in e-mail oer (kontrolearje ek jo map ‘ûngewenste e-mail’).

Tink derom: ek foar it ôflizzen fan jo identiteitskaart moatte jo in ôfspraak meitsje.

Meitsje direkt in ôfspraak

Langskomme kin ek

Wolle jo leaver alles yn ien kear regelje op it gemeentehûs? Dat kin! Wachtsje dan net oant it lêste momint. Meitsje op tiid in ôfspraak. De wachttiden foar in ôfspraak kinne oprinne, seker rjochting de skoalfakânsjes. Sjoch ûnder stap 3 wat jo mei nimme moatte nei jo ôfspraak.

Meitsje direkt in ôfspraak

Kosten 

SoartePriis
Identiteitskaart foar persoanen fan 18 jier en âlder€ 80
Identiteitskaart foar persoanen fan 18 jier en âlder mei spoedoanfraach€ 140,30
Identiteitskaart foar persoanen oant en mei 17 jier€ 43
Identiteitskaart foar persoanen oant en mei 17 jier mei spoedoanfraach€ 103,30

Hawwe jo kwytskelling foar gemeentlike belestingen? Nim dan de brief mei dy't jo hjir oer ûntfongen hawwe. Mooglik komme jo yn oanmerking foar in fergese identiteitskaart. 

Byzonderheden

Spoedoanfraach 

Hawwe jo jo identiteitskaart gau nedich? Doch dan in spoedoanfraach. Tink derom: dit kin allinnich oan de baly. Jo kinne de identiteitskaart dan binnen 2 wurkdagen ôflizze. Binne jo jo âlde identiteitskaart kwyt? Dan is in spoedoanfraach soms net mooglik.

Meitsje direkt in ôfspraak

Kwytof of stellen

Binne jo jo identiteitskaart kwyt of is dy stellen? Jo hoege net earst oanjefte te dwaan by de plysje. Meld de fermissing by de gemeente fia it folgjende formulier.

 Fermissing reisdokumint

Jo kinne ek in ôfspraak meitsje by it Publykssintrum om del te kommen en in nij dokumint oan te freegjen. Hawwe jo de fermiste identiteitskaart destiids yn in oare gemeente as Opsterlân oanfrege? Meld dit dan telefonysk foardat jo delkomme, sadat wy ynformaasje út de oare gemeente opfreegje kinne. 

Identifikaasjeplicht

Yn in soad gefallen binne jo ferplichte jo te identifisearjen oan de hân fan in jildich identiteitsbewiis. Bygelyks as jo medyske soarch nedich hawwe, moatte jo in jildich identiteitsbewiis sjen litte oan de soarchferliener. 

Lês mear oer de identifikaasjeplicht op de webside fan de Rijksoverheid. 

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân