Wat kwytrekke of fûn?

Hawwe jo in foarwerp fûn op strjitte? Of binne jo wat kwytrekke? Bygelyks jo paspoart of portemonnee? Meld it by de gemeente.

Daliks regelje

Binne jo in foarwerp ferlern? 

Melding ferlern foarwerp

Fine jo wat op strjitte? Bygelyks in portemonnee, fyts, kaaibosk of identiteitsbewiis? 

Melding fûn foarwerp

ferlern

Ferlern foarwerp melde

Binne jo in foarwerp ferlern? Dit kinne jo op trije manieren melde:

Jo gegevens wurde by ús fêstlein. As jo foarwerp fûn wurdt, nimme wy kontakt mei jo op. Hawwe jo nei jo melding it foarwerp wer fûn? Jou dit dan troch oan it Publykssintrum.

Paspoart, identiteitskaart of rydbewiis kwyt

Binne jo jo paspoart, identiteitskaart of rydbewiis kwyt? Dizze dokuminten binne eigendom fan de Nederlânske steat. Jo moatte dit melde by de gemeente en dêr ek in nij dokumint oanfreegje. Wy soargje derfoar dat it nûmer fan jo ferlern of stellen dokumint yn it lanlike systeem komt. Hjirmei wurdt oeral dúdlik dat it dokumint ûnjildich is. Jo hoege gjin oanjefte te dwaan by de plysje (útsein as it om in bûtenlânsk dokumint of ferbliuwsfergunning giet). Jo kinne delkomme by it Publykssintrum om it te melden en direkt in nij dokumint oan te freegjen.

Fûn foarwerp melde

Fine jo wat op strjitte? Bygelyks in portemonnee, fyts, kaaibosk of identiteitsbewiis? Dit foarwerp is wetlik eigendom fan de gemeente dêr't jo it fûn hawwe. Jo kinne in fûn foarwerp op trije manieren melde:

Ynleverje of thús bewarje?

De gemeente bewarret in fûn foarwerp trije moannen as de wearde minder is as € 450. Is de wearde heger as € 450? Dan bewarje wy it foarwerp tolve moannen. As de eigner him nei tolve moannen net melden hat, krije jo in brief of e-mail. Jo kinne dan binnen in moanne it foarwerp opeaskje. Dit jildt allinnich foar foarwerpen mei in wearde heger as € 450. Jo kinne gjin eigner wurde fan ynlevere foarwerpen dy't minder wurdich binne.

Jo meie in fûn foarwerp ek thús bewarje. Jo krije in brief of e-mail as de eigner fan it foarwerp him nei tolve moannen net melden hat. Jo wurde dan eigner fan it foarwerp. Allinnich fûne paspoarten, identiteitskaarten en rydbewizen meie jo net thús bewarje. Dizze dokuminten bliuwe eigendom fan de steat.

Meldt de eigner fan in fûn foarwerp him net binnen de wetlike termyn? En easket de finer it foarwerp net op? Dan mei de gemeente it foarwerp ferkeapje, weijaan of ferneatigje.

Dier mist of fûn?

Is jo (hús)dier mist of hawwe jo in (hús)dier fûn? Dan kinne jo dit melde by Stichting AMIVEDI.

Dier mist of fûn

In dea (hús)dier fûn yn de gemeente Opsterlân?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

hûn

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân