Ynklusiviteit op it stimburo
As frijwilliger helpe op in stimburo by de ferkiezings op woansdei 29 oktober? Dat kin, ek mei in (licht) ferstanlike beheining. Wy dogge ek dizze ferkiezings wer mei oan it inisjatyf fan de Stichting Prokkel, wêrby't minsken mei in (licht) ferstanlike beheining in duo foarmje mei in oare frijwilliger. Tegearre geane sy oan de slach en drage se harren stientsje by.
Binne/kenne jo immen mei in (licht) ferstanlike beheining dy't graach in hantsje meihelpt op 29 oktober? Wolle jo tegearre mei immen mei in beheining in duo foarmje? Of binne jo al stimburoolêd en wolle jo immen mei jo meirinne litte tidens de ferkiezingsdei? Sjoch dan ris op: Inklusive stimburo's - Stichting Prokkel en meld jo oan. Wy nimme dêrnei kontakt mei jo op oer it ferfolch!