Yndividuele stúdzjetastân

Binne jo in skoaljonge of studint? En kinne jo net byfertsjinje troch in beheining of in groanyske sykte? Dan kinne jo mooglik in studintoeslach krije.

Betingsten

Jo komme mooglik yn oanmerking foar de studintoeslach as jo oan ûndersteande betingsten foldogge:

  • Jo hawwe in beheining of groanyske sykte wêrtroch't jo net byfertsjinje kinne.
  • Jo krije studzje finansiering of in tegemoetkoming skoaljonges fan DUO.
  • Jo hawwe gjin rjocht op in Wajong útkearing

Hichte fan de studintoeslach

Fan 1 jannewaris 2024 ôf is de hichte fan de studintoeslach per moanne:

Leeftyd

Bedrach

21-jierrigen en âlder€352,80
20-jierrich€282,23
19-jierrigen€211,67
18-jierrigen€176,40
17-jierrigen€139,35
16-jierrigen€121,71
15-jierrigen€105,84

Help by oanfragen

Foar help by jo oanfraach kinne jo terjochte by Humanitas Thúsadministraasje. Mear ynformaasje fine jo hjir.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen? 

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân