Yndrukwekkende betinking ein Twadde Wrâldoarloch Nederlânsk-Ynje

Op freed 15 augustus 2025 organisearre de gemeente Opsterlân, tegearre mei âld-boargemaster Joost van Bodegom, in betinkingsgearkomste yn it Lycklamahûs yn Beetsterzwaag. Wy stiene stil by it offisjele ein fan de Twadde Wrâldoarloch yn Nederlânsk-Ynje, krekt 80 jier lyn. Mei persoanlike ferhalen, in minút stilte en in folle seal wie it in yndrukwekkende moarn wêryn't oantinken, erkenning en fermoedsoening sintraal stiene,

Neiprate nei de betinking Nederlânsk-Ynje

Boargemaster Andries Bouwman fertelde in persoanlik ferhaal hoe't de oarloch syn famylje rekke hie. Dêrnei frege hy in minút stilte foar de slachtoffers fan de oarloch en de Japanske ynternearringskampen. Ek frege hy omtinken foar it oarlochsleed dat op de dei fan hjoed yn oare dielen fan de wrâld plakfynt, lykas yn Gaza en Oekraïne. 

Yndrukwekkende persoanlike ferhalen

Mefrou Mulder-Spoelstra fertelde oer har eigen ûnderfiningen dy't sy mei har mem en suske meimakke. Sy oerlibbe it kamp, mar de ûnderfiningen sille har altyd bybliuwe. Har ferhaal rekke de oanwêzigen sichtber. 

Ek de hear Van der Tempel, âld-diplomaat fan it Ministearje fan Bûtenlânske Saken, spruts. Syn heit siet yn in Japansk kamp en oerlibbe dat. Hy fertelde hoe't dizze hast letterlik hertferskuorrende skiednis ynfloed hie op syn libben en noch altyd ynfloed hat op syn famylje, de saneamde twadde generaasje oarlochsslachtoffers.  

Ynisjatyf fan âld-boargemaster Van Bodegom

De betinking is in inisjatyf fan âld-boargemaster Joost van Bodegom. Hy ferbleau as bern sels yn in Japansk kamp. “Betinke is fan grut belang,” sei hy. “Net allinnich om te bliuwen ûnthâlden wat der bard is, mar ek om ferhalen troch te jaan oan nije generaasjes.”

Grutte belutsenheid yn Opsterlân

De gemeente sjocht werom op in yndrukwekkende en drokbesochte gearkomste. De ferhalen fan de sprekkers makken djippe yndruk. De grutte opkomst lit sjen dat betinken libbet yn Opsterlân. Wy tankje alle sprekkers en oanwêzigen foar harren bydrage oan dizze bysûndere moarn.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân

Mear nijs