De ynhâld is laden.

Logo Gemeente Opsterlân
Logo Gemeente Opsterlân

Ynformaasjepunt enerzjybesparring

Hawwe jo fragen oer enerzjybesparring of it duorsumer meitsjen fan jo hûs? Elke earste tiisdei fan 'e moanne steane enerzjycoaches en enerzjy-eksperts klear om jo te helpen. By ús Ynformaasjepunt Enerzjybesparring yn 'e bibleteek fan De Gordyk jo kinne hjir komme foar fergese tips.

Us frijwillige enerzjycoaches steane klear om jo fragen te beäntwurdzjen, of it no giet om lytse oanpassings of gruttere ferduorsummingsmaatregels. Kom gerêst del, it is hielendal fergees en frijbliuwend! Jo hoege gjin ôfspraak te meitsjen. 

Wêr en wannear?

Jo binne elke moanne fan herte wolkom op de earste tiisdei fan de moanne.

Tiid

10:00 - 11:00 oere

Lokaasje

Biblioteek De Gordyk , Schansburg 1, 8401RX De Gordyk

Enerzjycoaches

Enerzjycoaches binne frijwilligers út eigen doarp mei kennis en ûnderfining fan enerzjybesparring. Sy kinne jo op ferskate manieren helpe:

  • Tips jaan oer hoe't jo suver mei enerzjy omgean kinne;
  • Tips jaan foar it ferduorsumjen fan jo wenning;
  • Meitinke oer gruttere maatregels, bygelyks it oanbringen fan isolaasje en it ferfangen fan glês. Of it ûndersykjen oft jo waarmtesysteem effisjinter ynsteld wurde kin.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân