Ynformaasjepunt enerzjybesparring wer iepene

It ynformaasjepunt foar enerzjybesparring is wer iepen. Jo binne wolkom yn 'e bibleteek elke earste tiisdeitemoarn fan 'e moanne tusken 10.00 en 11.00 oere. De Gordyk .

It ynformaasjepunt foar enerzjybesparring is wer iepen. Jo binne wolkom yn 'e bibleteek elke earste tiisdeitemoarn fan 'e moanne tusken 10.00 en 11.00 oere. De Gordyk .

Us enerzjyferkenners en enerzjycoaches sitte foar jo klear om fragen te beäntwurdzjen oer enerzjybesparring en hokker mooglikheden der binne om dit te beteljen. Bygelyks fia subsydzje!

Rin gerêst binnen mei jo fragen, jo binne fan herte wolkom.

Wêr: Biblioteek De Gordyk (Schansburg 1)
Wannear: elke earste tiisdei fan 'e moanne tusken 10.00 en 11.00 oere.

Hawwe jo no al in fraach foar ús enerzjyferkenners of enerzjycoaches? Dan kinne jo no ek al direkt kontakt opnimme mei ien fan harren. Sy helpe jo graach fierder.

Webside Enerzjyferkenners gemeente Opsterlân: Enerzjyferkenners | Gemeente Opsterlân

Webside Enerzjycoaches gemeente Opsterlân: Enerzjycoaches | Gemeente Opsterlân