Ynkeapkalinder
Op dizze ynkeapkalinder wurde de oankundigings publisearre fan de ferwachte oanbestegings fan de gemeenten Eaststellingwerf, Weststellingwerf en Opsterlân. Dit oersjoch is allinnich mar in yndikaasje, der kinne gjin rjochten oan ûntliend wurde. Nasjonale en Europeeske oanbestegings wurde publisearre op www.tenderned.nl.
Daliks regelje

Ynkeapkalinder
Belangstelling foar in oanbesteging
Daliks regelje
Hawwe jo belangstelling foar in oanbesteging fan de gemeente Opsterlân dy't op de ynkeapkalinder stiet?
Folje dan it formulier 'Belangstelling oanbesteging ynkeapkalinder' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje').
Wolle jo belangstelling sjen litte foar oanbestegings fan East- en Weststellingwerf, dan kinne jo dat dwaan troch te mailen nei de kontaktpersoan dy't by de oanbelangjende oanbesteging op de ynkeapkalinder fermeld stiet.
Wat is oanbestegjen?
By in oanbesteging lit de gemeente belangstellende partijen in oanbieding dwaan foar it leverjen fan guod, it ferrjochtsjen fan tsjinsten of it útfieren fan wurken (of in kombinaasje hjirfan). Dêrneist kin de gemeente mei in oanbesteging minimaal trije en maksimaal fiif gaadlike partijen útnoegje om in oanbieding te dwaan. In oanbestegingsproseduere is in formeel proses wêrby't oan de wetlike easken en de troch de gemeente opstelde betingsten foldien wurde moat.
LinkedIn en X
Wannear't der nije oanbestegings op de ynkeapkalinder pleatst wurde, wurdt dit foar Opsterlân fia LinkedIn bekendmakke en foar Weststellingwerf en Eaststellingwerf fia X bekendmakke. Jo ûntfange dit berjocht wannear't jo jo registrearje op ien fan ûndersteande accounts:
Leveransiersseleksje mearfâldich ûnderhânske oanbesteging
Wannear't de gemeente oergiet ta in mearfâldich ûnderhânske oanbesteging selektearret de gemeente de minimaal trije en maksimaal fiif út te nûgjen partijen, mooglikerwize, op basis fan de ûndersteande kritearia.
- De út te nûgjen leveransiers moatte (oantoanber) in goede prestaasje levere hawwe binnen de sektor (binnen in perioade fan trije jier foarôfgeand oan de út te fieren opdracht).
- De leveransier dy't yn de ôfrûne trije jier (oantoanber) net genôch prestaasje levere hat wurdt net útnûge.
- De hjoeddeiske leveransier dan wol de leveransier dy't as lêste de opdracht mei goed gefolch útfierd hat, wurdt útnûge.
- As it mooglik is wurde teminsten twa lokale dan wol regionale leveransiers útnoege by it freegjen fan trije offertes en trije lokale dan wol regionale leveransiers by it freegjen fan fiif offertes.
- As it mooglik is wurdt op syn minst ien leveransier útnûge dy't yn de ôfrûne trije jier gjin opdracht foar de gemeente útfierd hat.
Mear ynformaasje
Nasjonale en Europeeske oanbestegings wurde publisearre op
Foar mear ynformaasje kinne jo maile nei
