Suksesfolle edysje fan Jachtseizoen yn Oerterp

Ferline wike stie Oerterp yn it teken fan spanning, aksje en gearwurking tidens it spektakulêre Jachtseizoen-evenemint. Mar leafst 128 dielnimmers giene de útdaging oan om út hannen fan de plysje en hanthavening te bliuwen.

Boargemaster Andries Bouwman sleat de jûn ôf: “Jimme hawwe rûn, skûle, taktyken betocht en miskien sels witten te ûntsnappen. De plysje en hanthavening hawwe harren uterste bêst dien om jimme te pakken, mar guon fan jimme wiene harren te slim ôf. Kompliminten dêrfoar!”

Njonken it aventoerlike karakter hie it evenemint in wichtige boadskip: kennismakking mei plysje, hanthavening en jongereinorganisaasje Code Hans. Tegearre sette sy harren deistich yn foar in feilich en noflik Opsterlân. Dielnimmers krigen in goodiebag mei ynformaasje oer hoe't sy kontakt opnimme kinne by fragen of help.

Winners

De rapste dielnimmers fan 'e jûn wiene:
🥇Sido Wolters (12 jier) – 18.59 minuten
🥈Jarno Wolters (12 jier âld) – 19.05 minuten (twillingbroer fan Sido)
🥉Mathieu Falkena (14 jier) & Rinzo Genobia (16 jier) – 19.09 minuten

Mei in fantastyske opkomst en entûsjaste reaksjes fan sawol dielnimmers as organisatoaren, sjogge de gemeente, plysje en Code Hans werom op in tige suksesfolle edysje fan it Jachtseizoen yn Ureterp.

Mear nijs

  • Subsydzje: in nij libben foar âlde pleatsen

    Hawwe jo in pleats dy't op it monumint stiet en wolle jo it in nije sosjale of ûndernimmende bestimming jaan? It Pleatsfûns krijt in subsydzje fan € 2,5 miljoen fan it Ryk.

  • Wizige iepentiden op 2 novimber

    Yn ferbân mei in teamgearkomste fan it Publykssintrum It gemeentehûs sil earder slute op moandei 3 septimber. It gemeentehûs sil dy dei iepen wêze fan 09.00 oant 16.00 oere.

  • Untdek jo dreamhûs yn Loevestein Fase 4 Súd

    Bistû op syk nei rêst, romte en noflik wenjen omjûn troch grien? Yn dizze nije wenwyk fan De Gordyk al jo wenwinsken komme byinoar.

Mear ynformaasje?

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân