Jeugdhelp fanôf 18 jier
Foar jongeren kin de oergong nei 18 jier in kwetsber momint wêze, want der moat in protte regele wurde.
Tink bygelyks oan húsfesting, oanfragen fan taslaggen en DigiD en it ôfsluten fan fersekeringen en abonneminten. Op de webside fan de Rijksoverheid stiet mear ynformaasje oer dit ûnderwerp.
It is ekstra wichtich om jongeren yn de jeugdsoarch goed foar te bereiden en op tiid te begjinnen mei it plannen fan harren takomst. In takomstplan kin hjirby helpe. De gemeenten yn Fryslân ferwachtsje dat elkenien dy't jeugdsoarch ûntfangt (lykas Jeugdhelp, Jeugdbeskerming, Jeugdreklassearring) en 16,5 jier of âlder is, in takomstplan opstelt.Op de webside fan Sosjaal Domein Fryslân stiet mear ynformaasje oer dit ûnderwerp en it takomstplan.
