Jonge Mantelsoargers fan Opsterlân

Kinne jo jo noch goed konsintrearje op skoalle as jo suske yn it sikehûs leit? Of sizze jo wolris ‘nee’ tsjin jo freonen om't jo mem net allinnich thús wêze kin? Binne jo jonger as 25 jier en soargje jo foar, of meitsje jo jo soargen om, immen thús, in buorman/buorfrou, freon of famyljelid? Dan binne jo in jonge mantelsoarger.

1 op de 4 jongerein yn Nederlân is jonge mantelsoarger

Foar dy is it miskien hiel gewoan, mar it is eins hiel bysûnder watsto dochst. En do bist net de iennige: 1 op de 4 jongerein yn Nederlân is jonge mantelsoarger.

Meld dy oan foar de Jonge Mantelsoargers fan Opsterlân

Regelmjittich organisearje wy leuke aktiviteiten foar jongerein lykas jo. Jo leare oare jonge mantelsoargers út Opsterlân kennen, wêrmei't jo ûnderfinings diele kinne of gewoan even wat gesellichs dwaan kinne. Liket it jo leuk om mei te dwaan? Folje it formulier 'Oanmelde jonge mantelsoarch' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje').

Nijsbrief Mantelsoarch

Jo kinne jo ek oanmelde foar de Nijsbrêf Mantelsoarch.

Wike fan de jonge mantelsoarger 1 o/m 7 juny 2025

Dizze wike stiet yn it teken fan dy: de jonge mantelsoarger! Lanlik en ek by gemeente Opsterlân jouwe wy ekstra omtinken oan jongerein en bern dy't soargje foar immen yn harren omjouwing.

Miskien helpsto mei de soarch, dochsto mei yn it húshâlden, of regelsto dingen om't dy oar it efkes net kin. Faak giet in soad omtinken nei dejinge dy't soarch nedich hat, mar do fertsjinnet ek omtinken! 

Sjoch foar mear ynformaasje op:

meerdanjedenkt.nl

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

jongemantelzorgfooter