Jongerein oant 23 jier sûnder startkwalifikaasje

Mei in diploma op minimaal mbo 2 of havo nivo fergrutsje jo jo kâns op wurk.

Diploma op minimaal mbo2 of havo nivo

Binne jo tusken de 18 en 23 jier en hawwe jo noch gjin diploma? Dan binne jo net mear learplichtich, mar stimulearje wy jo wol om noch in diploma te heljen op minimaal mbo2 of havo nivo, dat hjit in startkwalifikaasje. Jo kinne hjirfoar deistich ûnderwiis folgje of foarmen fan ûnderwiis wêryn't learen en wurkjen kombinearre wurde. Mei in startkwalifikaasje fergrutsje jo jo kânsen op in moaie baan en in eigen ynkommen.

Sûnder startkwalifikaasje en spûkjen

Alderearst besiket ien fan jo oplieding kontakt mei jo te krijen om jo spûkjen te stopjen. Slacht dit net dan ropt de learplichtamtner jo op foar in petear. Tegearre mei jo en jo oplieding besprekt de learplichtamtner wat de mooglikheden binne om dochs in startkwalifikaasje te heljen.

Tink derom!

As jo bliuwe spûkjen, dan mei de skoalle jo útskriuwe. Yn dat gefal ferlieze jo it rjocht op in studzjefinansiering en in OV-jierkaart. De Tsjinst Utfiering Underwiis (DUO) kin studzje-finansiering weromfreegje.

Fragen

Hawwe jo hjir fragen oer of slagget it net om nei skoalle te kommen om't jo miskien problemen hawwe, besprek it mei ien fan jo oplieding of nim kontakt op mei Learplicht. Wy helpe jo graach op wei nei in kânsrike takomst.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân