Kandidaatstelling gemeenteriedsferkiezings

Dit is in âld berjocht.

Op woansdei 16 maart 2022 is de ferkiezing fan de leden fan de gemeenteried. Partijen, dy't hjir oan meidwaan wolle, moatte har kandidaat stelle.

Kiesried

Mear ynformaasje oer de registraasje fan oantsjuttings, kandidaatstelling en de ferkiezings yn it algemien kinne jo ek fine op de webside fan de Kiesried.

Gean nei de webside fan de Kiesried

Stimburo Lycklamahûs

Registraasje oantsjutting

Binne jo in nije, lokale politike partij? Wolle jo meidwaan oan de kommende gemeenteriedsferkiezing en wolle jo dêrby in partijnamme boppe de kandidatelist sette? Dan moatte jo dizze namme fêstlizze litte by de gemeente. Dit wurdt ‘it registrearjen fan in oantsjutting’ neamd. Jo moatte uterlik op 20 desimber 2021 in fersyk ta registraasje dien hawwe.

Wolle jo in oantsjutting registrearje? Stjoer dan sa gau mooglik in mail nei ferkiezings@opsterland.nl.

Kandidaatstelling

Op moandei 31 jannewaris 2022 is de dei fan kandidaatstelling. Partijen dy't meidwaan wolle moatte op dizze dei harren kandidatelist mei alle byhearrende stikken ynleverje.

Nije partijen

Binne jo fan plan in nije partij op te rjochtsjen om mei te dwaan oan de kommende gemeenteriedsferkiezing fan 2022? Of binne jo in besteande partij en wolle jo foar it earst yn Opsterlân meidwaan oan de gemeenteriedsferkiezing? Nim dan kontakt op mei ús sadat wy jo foarsjen kinne fan alle nedige ynformaasje. Jo kinne jo kontaktgegevens stjoere nei: ferkiezings@opsterland.nl

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân