Keapsneinen
Winkels meie yn de gemeente Opsterlân op snein- en feestdagen iepen wêze fan 6.00 oere moarns oant 22.00 oere jûns. It is net ferplichte de winkel te iepenjen.
De winkelman beslist sels om iepen te gean en op hokker tiden, salang't se mar binnen de tastiene winkeltiden falle. Der is gjin ûntheffing foar nedich.
As de keapsnein in feestlik en organisearre karakter kriget, hawwe jo miskien in evenemintefergunning nedich.
Hawwe jo ûndernimmersfragen?
Jo kinne telâne by it Servicepunt Undernimmers.
