
Koartsweagen De Leijen
Koartezwaach waard yn 1315 al neamd as selsstannich doarp. Op de kapellelist út 1315 stiet dat der in kapel oanwêzich wie. Koartezwaach is fan oarsprong in boeredoarp. Yn de earste fermelding waard it plak Urasuagh neamd. It nammediel Ura toant oan dat it heger lei as Langezwaach, doe Utrasuagh neamd. It nammediel ‘suagh’ tsjut op greidlân(en) dêr't fee holden waard. Yn 1496 waard de plaknamme skreaun as ‘die Corte Swaech’ en yn 1505 as ‘Corteszwaege’.


Ald-Koartezwaach bestie út de midsiuwske wenlokaasje. Dit wie it gebiet om de tsjerke hinne oant Dekemastate. Jong-Koartezwaach ûntstie nei alle gedachten fan omtrint 1600 ôf op it grûngebiet fan sate 1, de Vogelsang-sate, ek wol Feanhearesate neamd. Dit wie de tiid fan de grutte feanôfgraving. Hjirút ûntstie in buorren oan de súdwestlike kant fan de Kompanjonsfeart. Dit eastlike diel fan Koartezwaach waard letter de buorskip Easterein.
De delsetting om de tsjerke hinne wie nei alle gedachten net de earste yn de omkriten. Dêrfoar wennen de Koartezwaachsters mooglik yn de Koartezwaachster ‘finnen’. Om't de seespegel leger wie, koene minsken op dizze dielen noch wenje. Letter kamen dizze leechlizzende gerslannen ûnder wetter te stean. Minsken waarden twongen hegerop te wenjen, efter wat letter bekend wurde soe as de ‘olde dyck’. Dizze wetterkearing koe it lykwols ek net iuwenlang folhâlde. De delsetting waard dêrom ferpleatst nei de omkriten dêr't de Mariatsjerke stifte waard. Hjir waard yn de midsiuwen in kapel boud ta eare fan Marije. Dizze kapel oerlibbe de Reformaasje en krige yn 1649 brânskildere ruten. De kapel waard yn 1723 troch Jacobus Stellingwerff ôfbylde as in goatysk tsjerkje mei klokkestoel. De Hegedyk waard fierder opwurke om genôch feiligens te hawwen tsjin it bûtenwetter. Om ek beskerme te wêzen tsjin it wetter op de hegere feangrûnen, bouden de boeren ek noch in leidyk. Dizze moat rûchwei west hawwe op it plak dêr't letter de Dwersfeart wie en no de wei nei maneezje Dekema is.
Ein achttjinde iuw wie it âlde tsjerkgebouke in boufal wurden. Mooglik waard dit feroarsake troch de feanige ûndergrûn. De hjoeddeistige tsjerke waard boud yn 1797. It wie in sealtsjerke sûnder toer. Yn 1896 wie der in grutte ferbouwing en waard der in toer boud. De gemeente betelle hjir oan mei. De ryksmonumintale tsjerke (ryksnûmer 31852) leit op in lytse ferheging, mei dêromhinne in moai oanleine begraafplak. Op it stuit is de tsjerke yn besit fan Stichting Alde Fryske Tsjerken. Yn de tsjerkeflier binne gjin spoaren te finen dat der ek yn de tsjerke sels begroeven waard. Under de preekstoel lizze wol resten fan in sarkofaachdeksel út de midsiuwen. De krúskes op it deksel litte sjen dat it ek brûkt is as alterstien.
Gemeentlik begraafplak De Leijen Koartezwaach
It gemeentlike begraafplak fan Koartezwaach leit om de achttjinde-iuwske Mariatsjerke hinne, dy't op in terp leit. It tsjerkhôf hat trije dielen. It ‘âlde diel’ en de twa útwreidingen. It âlde diel leit direkt om it tsjerkgebou hinne. De âldste stiennen op it tsjerkhôf komme út 1770 en 1773. It perseel wie om 1830 hinne wat grutter as 2.400 m². De klokkestoel op it tsjerkhôf waard ôfbrutsen yn 1896. Op dit plak waarden doe nije grêven makke. De klok befynt him no yn it klokkemuseum yn Asten, Noard-Brabân.
Yn 1938 waard der oerlis fierd troch de Herfoarme gemeente fan Koartezwaach oer in útwreiding en de oanlis fan in nij begraafplak. Útwreiding efter it tsjerkhôf wie doe de meast logyske kar. Yn oktober 1939 waard dêrmei úteinset. It wurk oan it begraafplak waard yn de wurkferskaffing útfierd. It gie om in stripe efter it âlde tsjerkhôf. Der waarden acht lange rigen mei grêven oanlein, allegearre oan paden. Yn it midden liet men in brede stripe frij. De earste persoan dy't begroeven waard op dit diel wie soldaat Joachim Wijnstra, dy't yn 1940 omkaam by Ridderkerk.
Yn 1964 krige de gemeente it plan om it tsjerkhôf fan Koartezwaach út te wreidzjen mei 1.200 grêven. Om dit plan út te fieren wie der 2,5 hektare grûn nedich. Der waard in lang, smel fak oan de noardkant ynrjochte mei in koarter, breder fak dêrefter. Om dizze dielen op te heegjen waard der in fiver útgroeven oan de súdkant en oan de noardkant waard in lytse fiver pland foar de sânwinning. In bysûnder ûnderdiel fan it ûntwerp wie dat der in urnetún yntekenne waard. Fryslân krige pas yn 1973 it earste krematoarium.
Yn febrewaris 1969 gie de gemeenteried akkoard mei de oername fan it tsjerkhôf. Der waard in bedrach fan 256.000 gûne beskikber steld foar de útwreiding. Yn 1970 waard de twadde útwreiding makke yn opdracht fan de Gemeentewurken fan de gemeente Opsterlân (fak D en bernedielte). Der kaam in grêfefjild mei romte foar 720 grêven en in urnemuorre. Yn 1978 waard der in strieufjild oanlein. Yn 2010 is der romte foar urnegrêven makke. De hjoeddeistige situaasje fan it strieufjild is noch altyd efter op it terrein, krekt as op it âlde ûntwerp.

Lizzing yn it lânskip
De tsjerke leit sa't sein is op in wat heger diel. Tsjerke en tsjerkhôf makken iuwenlang diel út fan in lange stripe mei huzen dy't Koartezwaach foarmen. De strjitte dêr't tsjerke en tsjerkhôf oan lizze, waard eartiids de Lykwei neamd. Oer de tsjerke rûn de Tsjerkeleane, mar dizze is ferdwûn. Om 1830 hinne wie der noch sprake fan in pear wenten. Efter de tsjerke stiene in pear ienfâldige wenten en in pleats. Dizze ferdwûnen doe't der útwreide waard.
Troch de ferskate útwreidingen is it terrein no hast 3 hektare grut, wêrfan 1.3 hektare brûkt wurdt foar it begraven. Foar de tsjerke leit in parkearterrein, dat in iepen sicht op de tsjerke jout. Yn it Bestimmingsplan Bûtengebiet hat it terrein de bestimming “Begraafplak”. Lytse perselen dêromhinne binne bestimd foar wenjen of foar agrarysk gebrûk.
Oanlis en griene aspekten.
De ferskillende dielen fan it begraafplak hawwe elk har eigen sfear. Benammen foar de lêste útwreiding is der in protte enerzjy stutsen yn de beplanting, dy't noch altyd te sjen is. Op it âlde diel is allinnich in bûkehaach fan belang. Dizze is oanwêzich by it parkearplak, De Leijen en de noardeastkant fan it tsjerkhôf. It tsjerkhôf sels hat gjin beplanting. Wichtich byldbepalend ûnderdiel is de ferhege lizzing fan it tsjerkhôf en alle yn it gers steande of lizzende grêfmonuminten.
De earste útwreiding krige in grienere ynrjochting as it âlde diel om de tsjerke hinne. Der lizze trije plantsoenen tusken fjouwer rigen mei grêven. Se hawwe lege beplanting en in tal lytsere beammen. De grêven lizze yn it gers. Oan de ein is in taksushaach plante. By it paad nei de lêste útwreiding steane strûken en beammen. De beplanting is typysk foar de jierren sechstich. Ek de taksushagen tusken de grêven binne typerend foar dy tiid. Der binne strûken lykas sniebal, wegedoorn, in protteblommige roas en dwerchmispel mei dêrtusken iken, rûge bjirken en swarte elzen. Yn de omjouwing fan de fivers is keazen foar boskwylch en lytsjebes. Ek by de leanen binne der ikenbeammen. Dizze beplanting past goed by de grûnsoarte. In diel fan de lege beplanting is op in letter momint ferfongen troch ûnder oare rododendron.
Yntusken binne der ek nije beammen plante op ferskate lokaasjes. Der is mear gebrûk makke fan bûkehagens, lykas by de urnetún. De ferskillende planten dy't keazen waarden foar de útwreiding binne no net mear oanwêzich. Underhâldsnormen binne oanpast en soms groeide it net goed. De hoemannichte taksus dy't doe plante waard is der noch wol, mar is op guon plakken dea. Yn de singel groeiden fan sels strûken en beammen. It doel fan de singel wie om gjin ynsjoch te krijen. Dit is noch altyd sa, mar op guon plakken binne der iepen stikken te sjen.
It begraafplak foarmet in moai foarbyld fan de ûntwikkeling fan grienaspekten op begraafplakken yn it algemien. Fan in ienfâldige oanlis mei allinnich grien yn de râne op it âlde stik, nei it brûken fan grien om de sichtlinen te fersterkjen, it byld nei binnen keard te hâlden en om privacy te jaan oan besikers.


Typology fan de grêfmonuminten
Sa't sein is, binne der trije dielen te ûnderskieden op it begraafplak, wat ek te sjen is oan de oanwêzige grêfmonuminten. Op it âlde tsjerkhôf om de tsjerke hinne is de grêfkultuer njoggentjinde-iuwsk mei hurdstiennen grêfmonuminten yn in Fryske styl, mei palmetten, palmstokken en treurbeammen. Ek binne der meardere saaklik foarmjûne monuminten, guon al fan granyt, dy't sjen litte dat dit diel fan it begraafplak noch oant fier yn de tweintichste iuw yn gebrûk is. Ek binne der noch resint begraffenissen dien.
Op de earste útwreiding binne de grêfmonuminten fergelykber mei dy op it tsjerkhôf. Wol wurde hjir faker legere grêfstiennen brûkt, makke fan granyt en yn in saakliker styl. In protte grêfmonuminten hawwe hjir in râne om it grêf hinne dy't by guon folle is mei tegels of dy't in dekplaat hawwe. Op de twadde útwreiding is de grêfkultuer sichtber dy't kenmerkend is foar benammen ein tweintichste iuw en begjin dizze iuw. Lege, brede grêfstiennen makke fan diverse granytsoarten, yn guon gefallen oer meardere grêven, mei in dekplaat oer it grêf. Guon grêfmonuminten binne in hiel persoanlike kar. In oantal grêfmonuminten binne bysûnder fanwege it brûkte materiaal, de foarmjouwing of symboalen. Op it tsjerkhôf binne der ek ferskate stoep- of grânspalen brûkt as grêfmonumint. Kranteberjochten litte sjen dat der alderhande pleatslike bekenden begroeven binne op Koartsweagen, lykas wethâlder Rindert van Zinderen Bakker (ferstoarn 1927) en advokaat W. Jonkers (ferstoarn 1928). Dizze bekende persoanen binne direkt ferbûn mei de skiednis fan Koartsweagen en De Gordyk. Op de útwreiding binne ek diverse ynteressante grêfmonuminten oanwêzich en in grêftrommel.
It begraafplak fan Koartsweagen lit sjen hoe't in midsiuwsk tsjerkhôf him ûntwikkele ta modern begraafplak. Dat de trije ferskillende soarten dielen fan it begraafplak noch gaaf bewarre bleaun binne, is bysûnder. Âlde eleminten wurde faak oanpast of fuorthelle, mar dat is hjir net dien. Wol is it beplantingsplan út de jierren sechstich oanpast, mar net op negative wize. Inkelde âldere ûnderdielen, lykas it lykhúske dat der wierskynlik stien hat en de beëiniging fan it tsjerkhôf oan de noard- en eastside, besteane net mear.
