Histoarje fan begraafplakken

Elk begraafplak en elk tsjerkhôf hat syn eigen skaaimerken en eigenskippen, bygelyks de bysûndere ynrjochting en yndieling fan in begraafplak en de grieneleminten dêrfan. Ek de grêfmonuminten, grêfsarken en oare objekten dy't diel útmeitsje fan in begraafplak binne wichtich.

De fiif begraafplakken dêr't begraffenissen aktyf binne, hawwe allegear harren eigen sfear en identiteit. It begraafplak oan de Gealeane yn Beetstersweach hat in boskich en ôfsûnderlik karakter, wylst dat yn Nij Beets in iepener karakter hat. Harren oarsprongsskiednis en geografyske (lânskiplike) struktuer foarmje de basis foar dizze ferskillen. Boppedat binne se yn ferskillende perioaden oanlein. Dêrtroch binne der ferskillende stilen, mar der binne ek oerienkomsten, lykas de fivers op it Hegedyk-begraafplak (in ryksmonumint) yn De Gordyk en Breewei begraafplak yn Tijnje.