
Beetstersweach Gealeane
Beetstersweach ûntstie yn de midsiuwen. Lange tiid wie Beets, tsjintwurdich Ald Beets, grutter as Beetstersweach. Hjir stie eartiids de Gertrudistsjerke, in midsiuwske tsjerke dy't nei alle gedachten yn de tolfde iuw boud waard. Letter waard op itselde plak de Adelskerk boud. Sawol (Ald) Beets as Beetstersweach lizze op in sângrûn, wat in gaadlik plak wie foar bewenning.


Yn de sechstjinde iuw fêstigen in protte rike ynvestearders fan de feanûntginning harren yn Beetstersweach. Sy bouden yn totaal mar leafst alve lânhuzen en leine nei 1850 op grutte skaal bosken oan. Nei de Frânske tiid waard Beetstersweach it haadplak fan Opsterlân, mar wie mei sawat 700 ynwenners om 1840 hinne net it grutste plak. Oan de ein fan de achttjinde iuw hie Beetstersweach him ûntwikkele ta it foarnaamste doarp binnen de gemeente en besiet doe it grutste kluster bûtenhuzen yn Noard-Nederlân.
Krekt as yn Ald Beets stie eartiids in midsiuwske tsjerke op it plak fan 'e Martenstsjerke, mar dêr is net folle oer bekend. De hjoeddeiske tsjerke waard boud yn 1803-1804 op 'e fûneminten fan 'e âldere tsjerke. Ferskate grêfstiennen út it begjin fan 'e santjinde iuw binne noch te sjen yn 'e tsjerke, wêrûnder dy fan 'e famylje Fockens. Der is ek in grêfkelder fan 'e famylje Van Teijens. Fan 'e njoggentjinde iuw ôf waarden in protte aadlike ynwenners om 'e tsjerke hinne begroeven, wêrfan de bekendste de famylje Van Harinxma thoe Slooten is. It tsjerkhôf fan 'e Martenstsjerke lit sjen dat ûntelbere rike en aadlike famyljes Beetstersweach harren thús neamden. Ek yn Ald Beets binne in protte grêven bewarre bleaun, lykas de grêven fan Van Lynden, Scheltinga en Lycklama à Nijeholt. Opmerklik is dat in byldhouwde ingel waakt oer it famyljegrêf fan 'e famylje Lycklama à Nijeholt op dit tsjerkhôf.
Gemeentlik begraafplak Gealeane
It oantal ynwenners fan Beetstersweach bleau noch lange tiid ûnder de 1000, dus wie it noch altyd tastien om om de tsjerke hinne te begraven. Om 1940 hinne ûntstie der te min romte op it tsjerkhôf. Nei 1940 waarden der benammen bysettingen dien yn al besteande grêven. Yn 1937 hie de gemeente in nij begraafplak opnommen yn in útwreidingsplan. Yn 1938 lei der in ûntwerp klear foar in nij begraafplak. Yn septimber 1942 besleat de gemeente in stik grûn fan 9.000 m² te keapjen ten westen fan de wei Beetstersweach-Boarnburgum. De oarloch soarge derfoar dat men net direkt starte koe mei de oanlis, dit kaam pas nei de oarloch op gong. It begraafplak is wierskynlik yn 1946 stichte en waard yn 1948 yn gebrûk nommen. Der waarden 500 grêven ynrjochte. It ûntwerp, in heale sirkel midstwa dield troch in paad, wie modern. Net alle grêven leine oan de paden. Efter de yngong is in romte opnommen dêr't ôfskied nommen wurde kin fan de ferstoarne.
Twa dwerspaden dielden de heale sirkel op yn seis aparte fakken. Efteroan stie, doe noch bûten it begraafplak, in baarhûske. By lettere útwreidingen kaam dizze sintraler op it terrein te lizzen.
De earste útwreiding fûn plak yn de jierren ’70 fan de tweintichste iuw. De romte oan de bûtenkant fan de earste sirkel waard yn gebrûk nommen. Der waard in nij paad oanlein op 18 meter fan it earder oanleine paad yn deselde foarm. Ek waarden der inkele dwerspaden oanlein, wêrtroch’t der 4 nije fakken ûntstienen. Mei de útwreiding waard der ek romte foar bernegrêven en in urnemuorre makke. Yn de jierren ’80 fan de tweintichste iuw waard der in twadde, folle gruttere útwreiding makke mei romte foar mear grêven. Yn 2001 wie der opnij in útwreiding. Der waard mear grûn kocht oan de efterkant. Der waard in soartgelikense sirkel ûntwurpen mei mear romte foar grêven. De earste grêven op dit diel waarden útjûn yn 2004. Ek waard der in tsjinstgebou boud. It totale oerflak fan it begraafplak beslacht no sa’n 15.000 m².

Oanlis en griene aspekten
It begraafplak oan de Gealeane is omjûn troch bosk en hat in besletten en sterk grien karakter. It boskrike fan de omjouwing is werom te sjen yn it uterlik fan it begraafplak: der steane willekeurich fersprate beammen en beamgroepen. Dit soarget foar in natuerlik karakter. De yngong fan it begraafplak hat in plein mei oan de linkerkant twa treurbeuken. Earder stiene de treurbeuken oan beide siden fan it paad, mar de rjochter treurbeuken binne in pear jier lyn dea gien. Der binne gjin nije plante. Ek is de koarte haadleane oanpast. Earder stiene der oan beide siden grutte taksussen, dy binne ferfongen troch sûlbeuken.
Rûnom it foarplein binne lege, grienbliuwende strûken plante, dy't ek yn de winter soargje foar in grien byld. Ek binne der inkelde ienjierrige planten oanplante. Tusken de sûlbeuken binne beukehagen plante, wat soarget foar mear sicht op de grêfflakten oan beide siden. Der binne noch inkelde taksussen te sjen by de dwerspaden. Dit soarget foar in mear mingd byld as earder. Oan de bûtenkanten steane ferskate iiken. Se binne mooglik noch in oerbliuwsel fan it eardere bosk. Dit is ek te sjen by de útwreiding fan 2001, dêr't in besteande boskleane opnommen is yn it gehiel. De rigen iiken tinke dêr noch oan. Dit jout it begraafplak in ‘noflik trochútsjoch’.
Der stiet in swarte walnút foar it baarhûske en rûnom steane ûnder oare in hazzenút en cotoneaster. It kin wêze dat dit oerbliuwsels binne fan in eardere oanplant. Tusken it âldere diel en de útwreiding binne ek hagen en flakken ynfolle mei snoeide taksus. De útwreiding sels is mear yn balâns. De lêste útwreiding slút oan by it sirkelmotyf. De rânen fan de sirkels wurde fersterke troch beukehagen, trochkrúst troch de boskleane. De haadleane fan de útwreiding hie oan beide kanten sierappelbeamkes dy't net goed oanslein binne. De grûnsoarte spilet hjirby mooglik in rol. Se binne no ferfongen troch sûlbeuken. De grêven op de grêffjilden lizze yn it gers. De haadpaden binne bedutsen mei skelpen. Guon paden binne net stevich, troch yntinsyf gebrûk en om't der wetter stean bliuwt. It ôfwikseljende grien en de lizzing hat in grutte oanlûkingskrêft op alderhande bisten, wêrûnder alderhande fûgels. Neffens it âlde diel fan it begraafplak is yn in hoeke in gedielte foar urnegrêven oanlein. Ek steane der op dit plak twa urnemuorren.


Typology fan de grêfmonuminten
Begraafplak Gealeane hat in ferskaat oan let tweintichste-iuwske grêfmonuminten, dy't fanwege it materiaal, de foarmjouwing of bewurking benammen fan lokaal kultuerhistoarysk belang binne. Yn de foarste fakken binne de âldste grêfmonuminten te finen, yn de sirkel dy't as earste yn gebrûk nommen waard. It grutste part fan de grêfmonuminten op Beetsterzwaag is noch frij jong. Der binne inkelde ynteressante grêfmonuminten te finen út de jierren ’50, ’60 en ’70. Guon hawwe Fryske teksten, oaren hawwe moaie symboalen. De meast histoarysk weardefolle en ynteressante grêven binne te finen op it earst oanleine diel. De grêfkultuer op dit gedielte past by de oergong dy't yn gong set waard yn de earste helte fan de tweintichste iuw. De foarmjouwing is saaklik, faak makke fan swart granyt en net mear fan hurdstien.
Der is gjin ynformaasje fûn fan wichtige of bekende persoanen dy't direkt keppele wurde kinne oan de groei fan Beetsterzwaag nei de oarlochsjierren (dy binne der wol op it tsjerkhôf by de Martenskerk). It begraafplak jout in goed byld fan de ûntwikkeling fan de grêfkultuer fanôf 1950 oant no.
