De ynhâld is laden.

Logo gemeente Opsterlân
Logo gemeente Opsterlân

Nij Beets

Nij Beets waard eartiids Nijbeets neamd. It ûntstean fan Nij Beets hinget gear mei Ald Beets. Ald Beets leit op in hegere sângrêd, dêr't letter ek Beetsterzwaag op ûntstie. Lange tiid wie Ald Beets wichtiger as Beetsterzwaag. Yn 1831 waard fanút Ald Beets in nije wei oanlein yn westlike rjochting. Dizze wei, de Nije Leppedyk, rûn troch de leger lizzende greide- en heaflakten en ferfolle ek in rol as dyk tsjin wetter. Op it krúspunt fan de Leppedyk en de nij oanleine Skipsleat ûntstie bebouwing as gefolch fan de feanterijaktiviteiten. Nei de feanterij waard it gebiet ynpoldere, wat nije ynwenners oanloek. 

It Koetshûs

Om't it te fier wie foar de feanarbeiders om nei in swiere wurkwike de tsjerke yn Ald Beets te besykjen, en dêr yn de kjeld in tsjinst by te wenjen (der wie gjin ferwaarming), besleat de dûmny fan Nij Beets in eigen tsjerkje te stiftsjen, It Houten Himeltsje. Dizze tsjerke stie ek bekend as de snerttsjerke: om minsken oan te lûken en te behâlden waard der snert servearre. It doarp waard grutter en wreide him foaral út oan de eastkant fan de Skipsleat. Yn 1908 waard der in herfoarme tsjerke boud en yn 1917 in grifformearde tsjerke. Ein 1919 fregen fiif buertferienings de gemeente om in begraafplak oan te lizzen. Yn de jierren ’50 waard Nij Beets in selsstannich doarp en waarden alle strjitnammen nei it Frysk feroare. De namme Nijbeets feroare nei Nij Beets.

Gemeentlik begraafplak Nij Beets

Mei de oanfraach fan de buertferienings waard in foarstel meistjoerd foar de oankeap fan inkele perselen. Yn 1920 setten de earste wurksumheden útein yn de wurkferskaffing. It ûntwerp fan it begraafplak fan Nij Beets is ienfâldich, sober en funksjoneel. It is in heger lizzend, rjochthoekich perseel omjûn troch in beukehage. Yn de sechstjin fakken op it oarspronklike ûntwerp leine de grêven noch ticht opinoar. It ûntwerp foar it baar- en lykhûske wie ek ienfâldich. It bakstiennen gebouke mei in sealtek mei pannen hat in opfallend djippe fûndearring. Healwei 1921 wie de wyk by it begraafplak klear en it terrein genôch ophongen. By de yngong waard in smei-izeren hek pleatst tusken robúste bakstiennen pylders. Yn 1922 waard in deagraver beneamd en waard it begraafplak yn gebrûk nommen. 

Yn 1923 kaam de feriening foar buorskippen yn Nij Beets wer by de gemeente. Dizze kear mei de fraach in bergplak foar de lykwein bouwe te meien. It koetshûs waard yn it ferlingde fan de yngong boud en hie in ferlykbere arsjitektuer as it baarhûske. Opfallend wie it reidtek. Oan de foarkant waard in dûbele doar makke. Yn 2014 is it reidtek ferfongen troch in pannetek. In fersyk foar de bou fan in klokkestoel yn 1924 waard ôfwiisd troch de gemeente. 

De direkteur gemeentewurken die yn 1957 in foarstel om it begraafplak te ferbetterjen. Der waarden smelle paden tafoege efter de grêfstiennen en wierskynlik waard ek in diel fan de paden fuorthelle. De sechstjin lytsere grêfflakken foarmen fan doe ôf fjouwer gruttere fakken. Yn 1962 waard it lêste diel fan de tagongswei breder makke, sadat auto's makliker keare koene by de yngong. De ienige útwreiding op it begraafplak wie in stripe grûn efter it koetshûs, dat tsjintwurdich brûkt wurdt foar bernegrêven en letter ek urnegrêven. 

Oarspronklik ûntwerp fan begraafplak Nij Beets yn 16 fakken. Efter eltse rige grêven waard in lyts fuotpaad oanlein.

Lizzing yn it lânskip

It hôf is nea fergrutte en hat dêrom noch altyd de oarspronklike grutte fan likernôch 4.500 m². De omjouwing is noch fergelykber mei de perioade fan de oanlis. It hôf leit efterôf tusken de greiden, likernôch 120 meter fan de trochgeande wei ôf. Rûnom it hôf lizze brede sleatten. De Tsjerkhofswyk liket yn de jierren ’90 smeller makke te wêzen. Allinnich it diel by it hôf lâns oant de wei is noch yn oarspronklike steat.

De lizzing midden yn it polderlânskip is net unyk yn Fryslân, mar soarget wol foar in kenmerkend byld. Fan alle gemeentlike hôven yn Opsterlân hat dit hôf it meast syn stedsboukundige omjouwing behâlden. It hôf is ûnderdiel fan it Bestimmingsplan Bûtengebiet en hat de bestimming “Begraafplak”. De perselen deromhinne hawwe in agraryske bestimming. 

Oanlis en griene aspekten

It hôf is te berikken fia in tagongswei fan klinkers. It hôf wurdt omjûn troch in orizjinele bûkehaach fan likernôch 2 meter heech. De bûkehaach is in wichtich elemint: hy is mear as in iuw âld en soarget foar privacy en begrinzing. Eartiids stiene op de hoeken treuressen, dy’t byldbepalend wiene. Dizze beammen binne troch âlderdom en útstjerren ferdwûn en ferfongen. Yn ’e midden fan it fjild is in treurwylchje pleatst mei in rûne sitbank. Efter de haach stiene lange tiid ek grutte beammen, mar dy wiene begjin ienenfyftichste iuw foar in grut part ferdwûn. De lêste beammen efter it baarhûske binne yn 2022 ferdwûn. Lange tiid stie der wat mingd grien efter de haach, mar dat is de lêste jierren ferfongen en der binne nije beammen oanplante. Binnen de bûkehaach, om de grêfikkers sels hinne, leit in skelpepaad. De grêfikkers is ferdield yn fjouwer flakken. Grêven lizze yn it gers. De âlde paden en yndieling binne noch te werkennen, om’t de paden net brûkt binne om te begraven. De oarspronklike oanlis is dan ek hast net feroare. It sobere ûntwerp is hast noch sa’t it eartiids wie, al binne de eardere paden begroeid mei gers. Wol binne der minder grieneleminten. 

Luchtfoto fan it hôf mei hjoeddeistige yndieling yn 4 grutte fakken en yn ’e midden in treurbeamke. Boarne: Google Maps
De ôfwikseling fan âlde en nije grêfmonuminten op it hôf fan Nij Beets.

Typology fan de grêfmonuminten

Der binne grêfmonuminten te finen út ferskate perioaden, dy’t út kultuerhistoarysk eachpunt wei wichtich binne om te behâlden. De âldste grêfmonuminten stamme út de begjinperioade, om 1925 hinne. It grêfmonumint fan feehâlder Theunis H. van der Mei is de âldste ferwizing nei in begraffenis op it hôf, al liket syn grêfmonumint fan lettere datum te wêzen. Ek binne der grêfmonuminten te sjen dy’t passe yn de njoggentjinde-iuwske grêfkultuer. Nijsgjirrich oan de âldere stiennen is de fermelding fan de berteplakken, wat de komôf fan de bewenners sjen lit. Inkelde grêven hawwe in smei-izeren hek, lykas dat fan Egbert Vaartjes. In oar smei-izeren hekwurk is te finen op de grêven fan de famylje Hoekstra-Duhoux. Dit is makke nei de Twadde Wrâldoarloch. 

De oare grêfstiennen op it hôf litte de ûntwikkeling fan de grêfkultuer goed sjen. Guon grêfstiennen binne makke fan keunststien mei tekstplaten fan marbriet. Ek binne der in pear graniten grêfstiennen út de jierren ’50. Opfallend is dat jongere grêfmonuminten troch de âldere hinne pleatst binne. Dit soarget foar in mingd byld. Yn ’e takomst kinne dizze jongere, benammen de bredere grêfstiennen, it karakter fan de âldere stiennen ferdwine litte. Der is dúdlik in ferskowing te sjen fan solitêre grêfstiennen nei bredere grêfmonuminten op twa grêven mei in dekstien, tegels of plaat op it grêf. Wat symbolyk oanbelanget is de palmtaak in protte te sjen, mar der binne ek âldere symboalen te sjen, benammen op de âldere grêfmonuminten. It hôf toant in grêfkultuer dy’t in hiele iuw beslacht. 

De twa geboukes binne wichtich om’t se hearre ta de âldere bebouwing fan Nij Beets en, benammen it koetshûs, in útdrukking foarmje fan in deadekultuer yn de earste helte fan de tweintichste iuw. Foar Nij Beets hat it hôf in grutte histoaryske wearde, troch de âldere grêfmonuminten en ek troch de genealogyske betsjutting fan de begroevenen. 

Op it hôf is goed te sjen dat de ynwenners fan de doarpen tichtby wennen, mar ek fan gruttere ôfstân kamen om hjir in nij libben op te bouwen. 

Mear ynformaasje?

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei de ôfdieling Erfgoed