
Tynje
Krekt as Nij Beets ûntstie De Tynje troch de opkomst fan de feanterij. De earste feanterijwurksumheden waarden hjir al om 1750 hinne útfierd. Om 1850 hinne wie der al wat bebouwing oan de Breewei en Rolbrêgedyk. Yn deselde omkriten wie der ek al earder in doarp ûntstien, it ferdwûne doarp Ryp. De Tynje hearde doe't it krekt ûntstie noch by Terwispel, in agrarysk midsiuwsk doarp mei eigen tsjerke. Ek bekend is It Klokmêd, in oare lokaasje by De Tynje dêr't mooglik in tsjerke stien hat. Der binne tufstiennen fragminten fûn fan in âlde tsjerke en der lei in ferlitten, midsiuwsk tsjerkhôf.


Doe't minsken om 1850 hinne begûnen mei de drûchlizzing fan it gebiet, waard de grûn omset nei greidlân. It soarge derfoar dat De Tynje fluch groeide. Yn 1890 boude men in lyts herfoarme tsjerkje oan de Ripen. It begraafplak fan De Tynje, oanlein yn 1895, wie it earste algemiene begraafplak yn de gemeente. Foardat it begraafplak yn gebrûk nommen waard, waarden ynwenners begroeven yn Terwispel. Nei 1915 waard De Tynje in selsstannich doarp en groeide it Terwispel foarby wat ynwennertal oanbelanget.
Gemeentlik begraafplak De Tynje
It algemiene begraafplak fan De Tynje oan de Breewei 27 is stifte yn 1894. Gemeente Opsterlân kocht doe in perseel dat dêrfoar heaflân wie. Ek de klokkestoel is yn dit jier boud. It ûntwerp fan it begraafplak wie fan gemeentearsjitekt Halbertsma. De formele iepening wie op 1 april 1896. It begraafplak hat in tige romme yngong mei in ovale fiver. De grûn fan de fiver waard brûkt om it terrein op te heegjen. It begraafplak bestiet út trije dielen: in fiver mei oarlochsmonumint, de earste grêfikkers mei klokkestoel en de twadde grêfikkers mei oan de ein de kolumbaria en urnegrêven. Oan wjerskanten fan de fiver waarden paden oanlein dy't liede nei de grêfikkers. Der waard in koetshûs boud rjochts fan de yngong. It begraafplak sels waard yn twaen dield troch in paad yn 'e midden oan te lizzen. Letter is hjir in klokkestoel pleatst.
Yn 1922 tsjinne it Pleatslik Belang in fersyk yn foar de bou fan in bergplak foar de lykwein. Dit gebou waard boud efter it besteande hûske rjochts fan de yngong. De Lykweinferiening fan Tynje betelle de kosten. Yn 1936 is mei in ryksbydrage, yn de foarm fan in wurkferskaffingsprojekt, de yngong fan it begraafplak opknapt en waard it stek pleatst. It âlde begraafplak waard doe ophong en der waard nije beplanting oanbrocht: in grut tal beammen en strûken, lykas rododendrons, apelbeammen, hulst en sering, waarden plante om it begraafplak te ferfraaien.
Yn 1940 waard der in betinkingsmonumint ûntbleate foar twa sneuvele doarpsgenoaten. Jeen Jeninga en Klaas Idzerda kamen om by de Grebbeberg. Sy binne begroeven op it militêr earefjild Grebbeberg. Njonken de tinkplaten mei in tekst en harren nammen steane der twa ôfbrutsen pilaren oan wjerskanten fan it monumint, dy't symboal steane foar de twa abrupt beëinige libbens.
Yn 1941 kocht de gemeente eastlik fan it begraafplak grûn oan om in útwreiding te realisearjen. Fan de 624 grêven wiene der doe noch 40 frij. Ek is doe de wettergong om it nije diel fan it begraafplak groeven. Op dit nije diel waarden de grêven krekt as op it âlde diel sûnder paden oanlein, mar wol mei mear romte der tuskenyn. Yn 1971 waard der in berekkening makke fan de kapasiteit. Op it âlde diel wiene der noch 70 beskikber en op de útwreiding 12. Rûsd waard dat men dêrmei noch 10 oant 12 jier foarút koe. Yn 1981 waarden der plannen makke foar noch in útwreiding. Hjirby waard rekken holden mei 440 grêven en 36 bernegrêven. Yn 1982 is it nije diel fan it begraafplak, dêr't romte foar 476 grêven realisearre waard, mei beplanting ynrjochte.
Yn 2003 waard der in oanfraach dien foar in urnebegraafplak. De beplanting, besteande út buxus, hortensia en beammen waard útfierd troch Pleatslik Belang. Yn 2009 waard de urnemuorre makke, dy't mei finansierd waard troch Pleatslik Belang. Njonken dizze urnemuorre waard der romte foar urnegrêven reservearre. Yn 2007 waard de klokkestoel opknapt troch klokken- en keunstjitterij Reiderland. De houten potdekseldielen waarden doe mei sink beklaaid. De klok dy't der yn hinget waard yn 1952 levere troch klokmakker Jacobus van Bergen út Midwolda, neidat de âldere klok yn de oarloch troch de besetter meinommen wie. Oan de noardkant fan it begraafplak waard in nije wenwyk oanlein dêr't ek in nije tsjinsttagong út realisearre waard. Yn 2015 is tusken it foarste diel mei de fiver en it begraafplak sels in modern stekwurk pleatst.

Lizzing yn it lânskip
In iuw lyn leine oan de Breewei benammen frijsteande huzen en inkele pleatsen. It begraafplak lei lange tiid yn de greiden. It begraafplak foarme in opfallend punt tusken de bebouwing. Oan de súdkant waard sportpark De Kampen oanlein, nei de Twadde Wrâldoarloch. Oan de noardkant waard begjin dizze iuw in nije wenwyk boud mei frijsteande en twa-ûnder-ien-kap wenten. Fanút dizze wyk is der in yngong makke nei it begraafplak. Wenten yn de wyk binne dan ek sichtber fan it begraafplak ôf.
It begraafplak is ûnderdiel fan it bestimmingsplan Tynje Kom. Der rêst in maatskiplike bestimming as begraafplak op. De perselen súdlik en noardlik hawwe in wenbestimming. Yn it bestimmingsplan is in grut diel fan it terrein boppedat bestimpele as archeologysk weardefol terrein. De ûnbeboude perselen oan de eastkant, besteande út greide en bosk, hawwe de bestimming agrarysk – kultuergrûn. De griene râne deromhinne soarget derfoar dat de bebouwing yn de omjouwing net folle opfalt. Yn de winter, as de beammen sûnder blêd binne, sil de noardlike bebouwing wat sichtberder wêze.
Oanlis en griene aspekten
It begraafplak jout in parkeftige yndruk fan de iepenbiere wei ôf. By de Breewei lâns stiet in strakke lege beukehage. Dêrefter steane eskbeammen. Yn 'e midden leit de fiver mei dêromhinne linebeammen. De sydkanten fan dit foarste diel fan it begraafplak binne ticht begroeid. De fiver foarmet in opfallend ûnderdiel. De dripfearm is symmetrysk, al ûnderbrekt inige begroeiing dy symmetry. Krekt foar de fiver stiet it betinkingsmonumint. Op dit diel binne rododendrons plante op de hoeken by it âlde diel. It houten baarhûske wurdt hjirtroch wat ôfskerme. In resint pleatst stekwurk skiedt de grêfikkers fan it foarste diel. Der is by de pleatsing rekken holden mei de tolve beuken dy't der steane. De meast rjochtse is de grutste en ek âldste fan dizze rige.
It âldste diel fan de grêfikkers hat allinnich in griene râne oan de bûtenkant. Alle grêfmonuminten lizze yn it gers. Sintraal leit in skulpetsje. Tusken de earste, âldste oanlis en de earste útwreiding foarmje taksussen de skieding. Twa steane ticht op it middenpaad. Ek steane der twa oan de bûtenkant. De útwreiding liket op it âldste diel: grêven yn it gers, skieden troch in middenpaad. De lêste útwreiding is minder skerp ôfbeakene fan de eardere útwreiding, om't de eardere griene ôfskieding fuorthelle is. It middenpaad bûcht nei lofts nei in bestrjitte diel mei in bankje, urnemuorre en diel mei urnegrêven. In buxushage skiedt dit diel ôf. De efterside fan it terrein wurdt ôfsluten mei strûken en beammen. Tusken de urnebestimming en de rigen dêr't no begroeven wurdt is in gazon oanlein. In diel hjirfan is noch yn gebrûk as strieufjild. Op de grêven stiet hast gjin beplanting. De dielen mei grêven binne sober ynrjochte. Benammen it grien yn de râne, besteande út in protte mingde leafbeammen en strûken, binne in opfallend gehiel yn Tynje.
It begraafplak fan Tynje sjocht der noch ridlik oarspronklik út, nettsjinsteande de twa lettere útwreidingen. De lêste útwreiding is typerend foar de nei-oarlochske tiid. It grien efter de grêven soarget derfoar dat dit diel wat mear past by de oarspronklike bedoeling. It gehiel, mei koetshûs en klokkestoel en ek de sobere ynrjochting, jouwe it begraafplak in typerende Fryske ynrjochting, dat fersterke wurdt troch de protte grêfmonuminten. It âlde diel liket noch ridlik yntakt te wêzen. Ek it houten baarhûs is bysûnder.
Troch it fuortheljen fan de griene skieding is de opdieling fan it begraafplak yn trije aparte dielen minder dúdlik. De lizzing fan it urnediel is dêrmei wat better te sjen, mar de ôfstân is mooglik in reden dat der net folle gebrûk fan makke wurdt. Yn de ôfrûne jierren is der in protte grien fuorthelle, benammen tusken de earste en twadde útwreiding. Ek hagen binne fuorthelle, mooglik om it ûnderhâld makliker te meitsjen.


Typology fan de grêfmonuminten
Op it earst oanleine diel en de earste útwreiding binne der in grut tal nijsgjirrige grêfmonuminten te sjen, benammen út de tweintichste iuw. Dizze dielen jouwe in goed byld fan de ûntwikkelingen yn de grêfkultuer fan begjin tweintichste iuw oant no. Fan smelle grêfmonuminten makke fan hurdstien nei bredere polyste graniten stiennen, wêrby't de grêftún hieltyd mear by it grêf belutsen waard, mei in râne en letter ek dekplaten.
Der binne in tal grêfmonuminten dy't de oandacht fertsjinje fanwegen it brûkte materiaal of de foarmjouwing, bygelyks de wytferve betonnen stien foar Ale K. Meester (1920) en syn frou. It is ien fan de âldere grêfmonuminten, dy't wat materiaalgebrûk oanbelanget past yn it ferhaal fan Tynje as arbeidersdoarp. Troch de earmoede koe net elkenien in natuerstiennen monumint betelje. Mooglik ferklearret dat ek wêrom't der net folle âldere grêfmonuminten binne. Flakby it lykhûske steane in tal âldere grêfmonuminten, wêrûnder twa stiennen mei in moaie útbylding.
Op it begraafplak binne inkele opfallende begraffenissen west fan persoanen dy't wichtich wiene foar Tynje. Op de earste útwreiding waard master Jacobus Roorda begroeven, ûnderwizer, mar ek polityk aktyf yn Tynje. Ek syn soan Gerrit gie de polityk yn en waard hiel bekend yn Fryslân. Soan Gerrit Roorda en frou lizze ek op dit fjild, mar oan de oare kant. Yn Tynje binne strjitten nei harren ferneamd.
Der binne alderhanne oare nijsgjirrige grêfmonuminten op it begraafplak te finen, lykas bernegrêven, mar ek wat ferskate materialen oanbelanget. De palmstok is in faak brûkt symboal. Ek treurbeammen en oare symboalen komme foar. Der binne in tal grêven te finen dy't te krijen hawwe mei de oprjochting fan it molkfabryk, lykas dy fan R. van Dam, of mei it ûnderwiis, lykas it grêf fan D.S. Algra.
