Bern en jongerein hawwe it rjocht om nei skoalle te gean. De Learplichtwet seit dat bern en jongerein op skoalle wêze moatte neffens it roaster. De skoalle moat derfoar soargje dat dit bart en meldt it as in learling net op skoalle is by de learplichtamtner.

Learplichtwet

Yn de Learplichtwet stiet dat jongerein: Ferplicht binne om neffens it lesroaster nei skoalle te gean oant 18 jier. Of oant in mbo 2-, havo- of vwo-diploma behelle is; Fan 16 jier ôf leare en wurkje kombinearje meie.

De learplichtamtner.

Learplichtamtners kinne stypje by it ôfmeitsjen fan in skoaloplieding. Sy begeliede jongerein, âlders en skoallen by it oplossen fan skoalferzuim en wolle foartidich skoalferlitten foarkomme. De learplichtamtner giet oplossingsrjochte te wurk en ferwiist, dêr't nedich, troch nei oare ynstânsjes.

Ekstra frije dei

Yn guon situaasjes kinne jo ien of mear frije dagen oanfreegje foar jo bern. In oanfraach hjirfoar kinne jo yntsjinje by de skoaldirekteur (maksimaal tsien skoaldagen). Dizze situaasjes binne:     

  • Serieuze sykte of ferstjerren fan direkte famylje. 
  • In ferhuzing.
  • In houlik en fiering fan in 12,5-, 25-, 40-, 50- of 60-jierrich fan direkte famylje.
  • Fiering fan in 25-, 40- of 50-jierrich amtsjubileum fan âlders/fersoargers of pake en beppe.

Bûten de skoalfakânsjes op fakânsje?

Under bysûndere omstannichheden kinne jo bûten de skoalfakânsje op fakânsje gean. De ekstra fakânsje is nea langer as tsien dagen. In fersyk hjirfoar tsjinje jo yn by de skoaldirekteur. In oanfraach kin de skoaldirekteur allinnich tawize as jo oan al dizze betingsten foldogge:

  • As teminsten ien fan de âlders in berop hat mei seizoensbûne wurksumheden.
  • As it gesin yn gjin fan de skoalfakânsjes yn ien skoaljier op fakânsje kin.
  • As de ekstra fakânsje net yn de earste twa wiken fan it skoaljier falt.

Mear ynformaasje oer ekstra frije dagen fine jo op de webside fan de lanlike oerheid.

Hawwe jo fûn wat jo sochten?

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

Gemeente Opsterlân