Immen foardrage foar in Keninklike ûnderskieding
In protte minsken sette har yn foar de mienskip, faak ûnopfallend en op de eftergrûn. Opsterlân hat in protte fan sokke ynwenners. Mei-inoar binne sy de Krêft fan de Mienskip. Kenne jo sa'n persoan en fine jo dat dizze persoan publike erkenning fertsjinnet? Doch dan in foarstel foar in ûnderskieding of 'lintsje'. Wy helpe jo graach mei de oanfraach.
Daliks regelje

Keninklike ûnderskieding of 'lintsje'
Immen kin in lintsje fertsjinje as hy of sy him of har persoanlik op bysûndere wize ynset foar de mienskip. Fierwei de measte ûnderskiedingen wurde takend oan frijwilligers. Tink oan minsken dy't har belangeloas ynsette by sportferienings, fiedselbanken, buertferienings, soarchynstellingen, mar ek pleechâlders of mantelsoargers. Dêrneist kinne ûnderskiedingen takend wurde oan persoanen dy't wol in betelle funksje hawwe, mar dêryn bysûnder prestearre hawwe en dêrmei de maatskippij in tsjinst bewezen hawwe.
Betingsten
- De foarstelde persoan wennet yn de gemeente Opsterlân.
- De foarstelde persoan set him of har yn as frijwilliger sûnder merkkomforme fergoeding, foar minimaal seis oeren yn 'e wike en yn prinsipe gedurende minimaal fyftjin jier. Dit kin fansels bestean út meardere aktiviteiten by ferskate ferienings/stiftingen. De doer en yntinsiteit fan aktiviteiten kinne inoar foar in part kompensearje.
- De aktiviteiten fine oansletten plak (dus sûnder opfallende ûnderbrekkings). As der sprake is fan in lange ûnderbrekking yn de aktiviteiten, moat de reden fan de ûnderbrekking(en) taljochte wurde.
- De aktiviteiten binne (foar in part) noch altyd aktueel; se meie net te lang lyn ôfrûne wêze (op it momint fan útrikking net langer as in jier lyn).
Fanút de organisaasjes of ferienings/stiftingen dêr't it frijwilligerswurk plakfynt/-fûn kinne minsken de oanfraach stypje mei stipebrieven. Twifelje jo oft de persoan dy't jo foardrage wolle foldocht oan de betingsten? Nim gerêst kontakt op om dit te besprekken.
Oanfraach
Daliks regelje
Wolle jo in ynwenner fan Opsterlân foardrage foar in Keninklike ûnderskieding? Folje dan hjirfoar it formulier 'Oanfraach Keninklike ûnderskieding' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje').
Let op: Foardrachten foar de lintsjerein moatte jo foar 1 july yntsjinje.
As de ûnderskieding takend wurdt, dan ûntfangt dizze persoan dy ûnder de lintsjerein yn april fan it jier dêrop. Is der in Bysûndere Gelegenheid (bygelyks in jubileum of ôfskied) dêr't jo de ûnderskieding útrikke litte wolle, nim dan ek rom fan tefoaren (wis fiif moannen) kontakt op.
Mear ynformaasje
Hawwe jo noch fragen?
Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum
of stjoer in e-mail nei lintjes@opsterland.nl.
Mear ynformaasje fine jo ek op de
