Leanekostesubsydzje
As jo as wurkjouwer immen mei in arbeidsbeperking yn tsjinst nimme wolle, kinne jo of de wurknimmer in oanfraach dwaan by de gemeente Opsterlân foar in loonkostesubsydzje of stipe op de wurkflier.
Leanekostesubsydzje
Foar de wurknimmer mei in arbeidsbeperking, dy't yn de gemeente Opsterlân wennet en dy't net selsstannich it minimumlean fertsjinje kin, kin in loonkostesubsydzje oanfrege wurde by de gemeente. Dizze wurknimmer moat dan wol yn it doelgroepregister fan it UWV ynskreaun stean. Foardat de loonkostesubsydzje jûn wurdt, moat in arbeidsdeskundige of / en leanwearde-ekspert de leanwearde fêststelle. Op basis fan de leanwearde wurdt de loonkostesubsydzje berekkene. De loonkostesubsydzje dy't de wurkjouwer ûntfangt is net mear as 70% fan it wetlik minimumlean. As jo as wurkjouwer in wurknimmer yn tsjinst nimme mei in arbeidsbeperking, kinne jo mooglik yn oanmerking komme foar in no-risk polis. Dizze polis fergoedt de loonkosten by sykte fan de wurknimmer. Dêrneist hoege jo as wurkjouwer ek de kosten fan it WGA-risiko net te beteljen.
As jo fragen hawwe oer de betingsten en/of it oanfreegjen fan in loonkostesubsydzje, nim dan kontakt op mei it Gebiedsteam fia it telefoannûmer 0512 - 386 222 of e-mail werkeninkomen@opsterland.nl.
Jobcoach en oare foarsjennings
De measte wurknimmers mei in arbeidsbeperking hawwe baat by stipe op de wurkflier. De wurknimmer of wurkjouwer kin ûnder betingsten in oanfraach dwaan foar persoanlike stipe by de gemeente. In jobcoach kin bygelyks de wurknimmer stypje op de wurkflier (by in kontrakt fan teminsten 6 moannen en teminsten 12 wurkoeren yn 'e wike). Boppedat kin in wurknimmer of wurkjouwer ek ûnder spesifike betingsten in oanfraach dwaan foar wurknimmersfoarsjennings, lykas bygelyks in wurkplak oanpassing of in meinimbere foarsjenning.
As jo fragen hawwe oer stipe op de wurkflier, nim dan kontakt op mei it Gebiedsteam fia it telefoannûmer 0512 - 386 222 of e-mail werkeninkomen@opsterland.nl.
Mear ynformaasje?
Op dit stuit is de gemeente Opsterlân dwaande mei it ymplemintearjen fan it Breed Offensyf, in samling maatregels om yn Nederlân mear minsken mei in arbeidsbeperking oan it wurk te krijen, sjoch Factsheet Breed Offensyf - july 2023 | Publikaasje | Rijksoverheid.nl.
